Omrop Fryslân

Boalserter swimbad Vitaloo bliuwt kommende fjouwer jier iepen

Lang drige it Boalserter swimbad Vitaloo ticht te gean, mar mei in nije oerienkomst tusken Stichting Ons Zwembad en de gemeente Súdwest-Fryslân bliuwt it swimbad de kommende fjouwer jier iepen.
It swimbad fan Boalsert
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
Yn de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân hat lang diskusje west oer it wol of net tichtgean fan it swimbad. Om't de gemeente meardere swimbaden hat en it Boalserter Vitaloo net rendabel genôch wêze soe, wie der sûnt 2021 al driging fan in sluting. Dêrtsjin kamen de ynwenners fan Boalsert lykwols bot yn protest.
Mei de oerienkomst tusken Stichting Ons Zwembad en gemeente Súdwest-Fryslân bliuwt it swimbad yn alle gefallen foar de kommende fjouwer jier iepen. By de oerienkomst is it personiel fan it swimbad ek oernaam.
Jonge Boalserters demonstrearje foar it iepen hâlden fan harren swimbad
© Omrop Fryslân
Yntusken binne de opknapwurksumheden úteinset. It dak is opnij isolearre en de flier, dy't bewege kin, hat ôfrûne simmer in nij meganisme krigen, sadat it wetter yn it 25-meterbad effisjinter brûkt wurde kin.
De bûtenkant fan it swimbad en it sanitêr fan de camping binne opnij skildere; de hal mei de baly en snackhoeke wurde nij. De wurksumheden wiene diels mooglik troch sponsoaren.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.