Omrop Fryslân

Skip ferliest 26 lege konteners op Noardsee boppe Flylân

De Kustwacht hat sneontemoarn in melding krigen fan in skip op de Noardsee dat konteners ferlern hat. It giet om 26 lege konteners fan it skip Marcos V. Wêr't se krekt oerboard slein binne, is noch net dúdlik.
Argyfbyld fan earder oerboard slein konteners
© Kustwacht
It Kustwachtskip Guardian siket nei driuwende konteners. It Kustwachtfleantúch siket út de loft wei. Mei modellen wurdt berekkene hokker kant de konteners op gean.
Om 5.55 oere sneontemoarn makke it skip melding dat it fracht ferlern hie. Dat barde op de farrûte rjochting it suden, tusken it noarden fan Flylân en westlik fan Schoorl yn Noard-Hollân. De Marcos V, 293 meter lang en 40 meter breed, fart fan Bremerhaven nei Rotterdam.
"De Kustwacht heeft de containers nog niet kunnen lokaliseren", seit Edwin Granneman fan de Kustwacht. It kin ek wêze dat se troch de klap mei it wetter stikken fallen binne en sonken binne. Der hat al kontakt mei de reder fan it skip. As it yn Rotterdam oankaam is, wurdt de rest fan de lading besjoen. Op it dek soenen meardere konteners omslein wêze.

Noardlike farrûte

Nei alle gedachten ferlear it skip de konteners fanwegen it rûge waar en hurde wyn. It skip fear oer de noardlike farrûte, dy't geskikt is foar grut frachtferkear.
Edwin Granneman fan de Kustwacht

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.