Omrop Fryslân

Eunice wurdt noch steviger: koade read yn Fryslân

De KNMI jout koade read ôf yn Fryslân fanwegen de hurde wyn. Der wurde freedtemiddei tige swiere wynstjitten ferwachte. Koade read giet yn om 15.00 oere.
Hurde wyn
© Omrop Fryslân, Ronald van der Pol
Eunice wurdt in stoarm mei 'orkaaneftige wynstjitten', is de foarsizzing fan waarman Piet Paulusma. Der komme wynstjitten yn krêft 12.
Koade read jildt yn Fryslân oant freedtenacht 3.00 oere. "Jûn en fannacht set de stoarm yn it kust- en Waadgebiet noch wol troch", seit Paulusma, dy't ôfslút mei in warskôging. "Goed foarsichtich wêze. En as je net de doar út hoege, bliuw dan thús. Gean net mei in oanhingwein op paad en frachtweinen moatte der ek om tinke."
Harkje nei it waarberjocht fan Piet Paulusma

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.