Tieme Klompe komt werom by sc Hearrenfean

Tieme Klompe komt mei yngong fan takom seizoen werom by sc Hearrenfean. De 45-jierrige Klompe wurdt de nije trainer fan Under 21.
Tieme Klompe © Orange Pictures
Klompe fuotballe fan 1996 oant 2004 by sc Hearrenfean en wie letter ek aktyf as trainer by de klup. Sa wie hy ûnder oaren assistint-trainer fan Marco van Basten en letter yn dyselde rol by Dwight Lodeweges, Foppe de Haan en Jurgen Streppel. Yn 2017 makke Klompe bekend dat er Hearrenfean ferlitte soe, hy gie dêrnei oan 'e slach as haadtrainer by Harkemase Boys.
Tieme is een trainer waarbij het Heerenveen-dna door de aderen stroomt.
Marcel van Buuren, haad jeugdoplieding sc Hearrenfean
Haad jeugdoplieding Marcel van Buuren is bliid dat Klompe wer weromkomt yn Hearrenfean. "Tieme is een trainer waarbij het Heerenveen-dna door de aderen stroomt. Hij heeft hier jarenlang rondgelopen en heeft een aanzienlijk deel van zijn carrière met talenten uit deze leeftijdscategorie gewerkt. We hebben er alle vertrouwen in dat hij de juiste trainer is om met deze groep aan de slag te gaan."
Als trainer van O21 wil ik zoveel mogelijk spelers klaarmaken voor de laatste stap naar het eerste elftal.
Tieme Klompe
Klompe sels kin net wachtsje om wer op it fjild te stean en te wurkjen mei nij jong talint. "Ik heb altijd met veel plezier bij de club gewerkt en het een uitdaging gevonden om het maximale uit talentvolle spelers te halen. Als trainer van O21 wil ik zoveel mogelijk spelers klaarmaken voor de laatste stap naar het eerste elftal."