Skiedsrjochter Van de Graaf oer ynsidint Mees Hoedemakers: "Het is gewoon pech"

"Ik heb hem kennelijk in zijn oog geraakt, maar kon er niet zoveel aan doen", seit skiedsrjochter Edwin van de Graaf yn de SportCast fan Omrop Fryslân oer dat hy Cambuurspiler Mees Hoedemakers blessearre.
Cambuur ferlear yn Utrecht mei 3-2 nei in 0-2 foarsprong. Neffens Cambuurtrainer Pascal Bosschaart wie it útfallen fan Hoedemakers it kantelpunt yn de wedstriid.
Mei skiedsrjochter Van de Graaf sjogge wy werom op dit histoaryske ynsidint. "Het is heel vervelend voor Mees en voor Cambuur. Het is natuurlijk nooit de bedoeling om op deze manier onderdeel te worden van de wedstrijd."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Andries Noppert is earste doelman by Go Ahead Eagles. Noppert komt fan De Jouwer en hat yn it ferline yn Italië fuotballe, ûnder oare by Foggia. De doelman hat dêr bizarre aventoeren belibbe. "Ik haw yn oanrekking west mei de maffia."

Beroerde start

Fansels komt ek de beroerde start fan de twadde seizoenshelte fan sc Hearrenfean oan 'e oarder. De ploech fan ynterim-trainer Ole Tobiasen ferlear yn Sittard mei 2-0 fan de nûmer ien-nei-lêst fan de earedivyzje.