Omrop Fryslân

Nije Hearrenfean-trainer Ole Tobiasen: "Dit is een droom"

Ole Tobiasen hat in dûbeld gefoel dat hy it seizoen by Hearrenfean ôfmakket as ynterim-haadtrainer. "Het is natuurlijk een droom om hoofdtrainer te worden in de eredivisie", seit Tobiasen.
"Maar dit is niet de manier waar je op hoopt":
Dat er in dûbeld gefoel hat, hat te krijen mei it feit dat Johnny Jansen ferline wike dien krige. De 46-jierrige Deenske oefenmaster kaam oan it begjin fan dit seizoen nei Hearrenfean ta as assistint fan Jansen.
Tobiasen jout oan dat er net in soad oan de spulstyl feroarje sil. "We zijn als staf een half jaar bezig geweest om een bepaalde richting op te gaan. Daar willen we verder mee."

Metamorfoaze

Der is de lêste wiken behoarlik wat feroare by Hearrenfean. De seleksje hat in wiere metamorfoaze ûndergien. It duo Veerman en Veerman is fuort en ek Rodney Kongolo hat de klup ferlitten. Dêrfoar werom kaam binne Thom Haye, Sydney van Hooijdonk en Amin Sarr. Sy soenen tsjin Fortuna harren debút meitsje kinne, mar Tobiasen hâldt in slach om 'e earm.
Tobiasen: "Amin heeft net vijf weken winterstop in Zweden gehad en zit nu in zijn tweede week van de voorbereiding. Dus daar moeten we voorzichtig mee zijn. Thom is topfit, hij kan gewoon starten tegen Fortuna."
De wedstriid tusken Fortuna Sittard en sc Hearrenfean set sneon om 18.45 oere útein en is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio. It kommentaar is yn hannen fan Arjen de Boer.
Tobiasen woe gjin opstelling jaan, omdat der noch ferskate twivelgefallen binne. "Ik weet nog niet precies met wie ik mag en kan spelen. Daarom kan ik niks prijsgeven."
Efter de nammen fan Sydney van Hooijdonk, Tibor Halilovic, Nick Bakker en Syb van Ottele stiet in fraachteken.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.