Omrop Fryslân

SC Cambuur leit Turkske oanbieding foar Kallon njonken him del

Yn de lêste dagen fan de transferperioade driget SC Cambuur Issa Kallon noch kwyt te reitsjen. Der is grutte ynteresse fan it Turkske Konyaspor, dat sels al in bod dien hat op de oanfaller.
Issa Kallon
© Orange Pictures
Kallon hat in ôfrinnend kontrakt by Cambuur, wêrtroch't hy nei dit seizoen fergees oerstappe kin nei in oare klup. Yn dizze transferperioade soene de Ljouwerters noch jild foar him krije kinne troch him te ferkeapjen. Konyaspor is de nûmer twa fan Turkije en spilet, as it sa trochgiet, folgjend seizoen yn de Champions League. Kallon sjocht om dy reden in oerstap wol sitten.

Trije ton

Cambuur wol oant no ta allinnich net meiwurkje. Nettsjinsteande in bod fan sa'n trije ton fan Konyaspor op de international fan Sierra Leoane.
Neffens technysk manager Foeke Booy wol de klup Kallon net gean litte om twa redenen. Cambuur fynt it bod net heech genôch en it is foar de klup te koart dei om in goeie ferfanger foar Kallon te finen. Cambuur wie yn in fier stadium mei in nije oanfaller, mar freedtemoarn is dêr in streek troch set.
Moandeitejûn om tolve oere slút de transferperioade. Cambuur seach mei Filip Krastev en Sam Hendriks twa spilers fuortgean. Dêr stiet de komst fan Sekou Sylla en Patrick Joosten tsjinoer. Booy giet derfan út dat it foar Cambuur dêr by bliuwt dizze transferperioade.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.