Omrop Fryslân

Lytse 200 fans sjogge SC Cambuur ferliezen fan Heracles Almelo

SC Cambuur hat in oefenwedstriid tsjin Heracles Almelo mei 1-0 ferlern. It wie de earste fuotbalwedstriid fan Nederlân dêr't wer publyk komme mocht nei de ferrommings fan de coronamaatregels dizze wike.
In koart sfearferslach fan de wedstriid:
De oe's en aa's klonken tongersdei wer yn it Cambuur Stadion. Foar it earst yn trije moannen mocht der wer publyk komme yn it Ljouwerter stadion. Der kamen in lytse twahûndert fans ôf op it duel. Ferwend waarden de supporters lykwols net.
Yn de earste minuten krigen beide ploegen fuortendaliks in goeie mooglikheid. Alex Bangura wie ticht by nei in moaie pass fan Patrick Joosten en by Heracles Almelo wachte Sinan Bakis te lang, wêrtroch't de mooglikheid om te sjitten ferdwûn.
It tichtst by de foarsprong kamen de Ljouwerters yn de fjirtjinde minút. Nick Doodeman koe frij ynsjitte, mar rekke de peal.
De twadde helte begûn mei fjouwer nijkommers by Cambuur. Maxim Gullit, Jasper ter Heide, Michael Breij en Tamas Kiss kamen yn it fjild foar Erik Schouten, Robin Maulun, Jamie Jacobs en Doodeman. Yn de twadde helte makke David Sambissa, krekt werom fan de Afrika Cup, ek noch syn opwachting.

0-1 Laursen

De Almeloërs iepenen de skoare yn de 59ste minút. Nikolai Laursen koe fan rjochts nei binnen komme en skeat de bal yn de fiere hoeke binnen: 0-1. Tweintich minuten foar tiid hie Bangura de lykmakker op de foet, mar hy skeat de bal tsjin Heracles-keeper Janis Blaswich oan. Efkes letter helle Bangura yn it eigen sechtjinmetergebiet in kopbal fan de line.
Skoard waard der dêrnei net mear. De klups yn de earedivyzje spylje dit wykein gjin wedstriid. It earstfolgjende duel fan Cambuur is nije wike sneon út tsjin FC Utrecht.
© Dijks Fotografie
Nei de wedstriid wie der foaral blydskip dat der wer publyk by wie. "Dat was genieten", seit Michael Breij. "Het was nog wel vrij rustig, maar dat is logisch op een donderdagmiddag om 13.00 uur. Het is mooi dat ze er zijn, we gunnen het ze van harte. Wel jammer dat het stadion voorlopig maar voor een derde gevuld mag worden."
"Het voelde weer goed", seit Jamie Jacobs. "Nog niet zoveel als we gewend zijn, maar het is wel fijn. En er wordt enthousiast gereageerd als we iets goeds doen. Dat hebben we gemist."

Kontrakten

Breij is ien fan de spilers dy't in ôfrinnend kontrakt hat. De kâns is lykwols grut dat er takom seizoen wer yn it gielblau spilet. "Ik wil heel graag blijven. Bij Groningen heb ik een mindere tijd gehad, maar hier kom ik iedere dag met plezier."
Als er een aanbieding van 6 miljoen uit China komt, dan moet ik even nadenken, haha.
Michael Breij bliuwt yn prinsipe by Cambuur
De twa partijen, Breij en Cambuur, binne noch oan it ûnderhanneljen, mar hy makket him gjin soargen. "Ik heb tegen Foeke (technysk direkteur, red.) gezegd dat Cambuur op 1 staat. Als er een aanbieding van 6 miljoen uit China komt, dan moet ik even nadenken, haha. Maar ik wil supergraag blijven. Ik sta niet elke wedstrijd in de basis, maar ik voel wel altijd vertrouwen."

Jacobs wol langer neitinke

Foar Jamie Jacobs lizze de saken krekt wat oars. Hy hat ek in kontraktoanbieding krigen fan Cambuur. "Die heb ik vorige week binnen gekregen, daarover ben ik rustig aan het nadenken. Dat zal misschien nog even duren, maar ik ben ermee bezig."
Hy wit noch net oft er yn Ljouwert bliuwe wol. "Dat ik het hier heel erg naar m'n zin heb, staat absoluut buiten kijf. Dat weegt zwaar mee. Maar er zijn meer clubs op de wereld, dus daar wil ik m'n tijd voor nemen. Even om me heen kijken."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.