"Untslach Johnny Jansen wie ûnûntkomber"
Johnny Jansen is troch de kluplieding fan sc Hearrenfean nei 23 jier op strjitte set. Neffens klupwatcher Arjen de Boer is Jansen de dupe fan jierren oan wanbelied. Fiif fragen oan De Boer.
Dit siet der dochs oan te kommen, dit komt net ûnferwachts?
"Kloppet, dit wie ûnûntkomber. Der soe earst praat wurde oer de lange termyn, want it kontrakt fan Jansen rûn oan de ein fan dit seizoen ôf. Mar troch de dramatyske start fan de twadde seizoenshelte hat de kluplieding besletten om Jansen fuortendaliks oan de kant te setten. It ferlies tsjin de nûmer lêst PEC Zwolle wie de druppel."
Under Jansen spile sc Hearrenfean plichtsmjittich en 'lamlendich'.
Mar de statistiken wienen dochs net sa min?
"Hearrenfean stiet no tsiende en hat 25 punten helle. Dêr is net in soad op oan te merken. Boppedat hawwe se de Fryske derby fan Cambuur wûn.
Mar der is al folle langer in soad ûnfrede oer it fertoande spul fan Hearrenfean. Jansen slagge der mar net yn de ploech nei syn hân te setten en makke de spilers net better. It wie plichtsmjittich en 'lamlendich'. Hearrenfean wol graach attraktyf fuotbal spylje en it publyk fermeitsje. Dat stiet sels yn it beliedsplan, mar dêr is Jansen nea yn slagge."
It is net allinnich de skuld fan Johnny Jansen, it komt troch jierren oan wanbelied.
Is dat dan allinnich de skuld fan Johnny Jansen?
"Nee, dat soe te maklik wêze. It komt troch jierren oan wanbelied. As je alle jierren je bêste spilers ferkeapje, omdat je dat jild nedich hawwe om de tekoarten mei op te foljen, én der wurde gjin goeie ferfangers helle, dan wurde je elk jier in bytsje minder.
Joey Veerman is yn de winter ferkocht en dêr is Jansen de dupe fan wurden. Veerman wie by sawat de helte fan alle doelpunten belutsen. Dan moatte je net raar stean te sjen dat je no mindere resultaten helje."
Wa sit der by de earstkommende wedstriid tsjin Fortuna Sittard by sc Hearrenfean op de bank?
"De beide assistinten, Peter Reekers en Ole Tobiasen. Tobiasen hat fansels ûnderfining as haadtrainer by Almere City. Mooglik sitte sy oant de ein fan dit seizoen op de bank, mar der wurdt ek sjoen nei oare kandidaten. Sa soe der kontakt west hawwe mei Mitchell van der Gaag (50), de assistint fan Erik ten Hag by Ajax, mar dat wurdt ûntkend troch technysk manager Ferry de Haan."
Johnny Jansen is de safolste trainer dy't Hearrenfean ferlit mei in litteken.
Wat sil der no mei Johnny Jansen barre?
"Jansen hat witte litten dat hy mei "opgeheven hoofd" de klup troch de foardoar ferlit. De klup is foar him op syk nei in oare rol. Mar miskien dat hy it earne oars besykje wol, as haadtrainer of as assistint.
Jansen is fansels in echte klupman en haadtrainer wurde by Hearrenfean wie syn dreambaan. Mar hy is de safolste trainer dy't de klup ferlit mei in litteken."