Omrop Fryslân

Filip Krastev komt net mear yn aksje by SC Cambuur

De Ljouwerter fuotbalklup SC Cambuur lit de Bulgaar Filip Krastev nei goed ûnderling oerlis gean.
Filip Krastev
© Orange Pictures
De middenfjilder waard fan it simmer foar ien seizoen hierd fan it Belgyske Lommel SK, mar fanwegen it gebrek oan spylminuten komt dêr no al in ein oan.
De 20-jierrige Krastev kaam yn it ôfrûne healjier yn trije kompetysjewedstriden yn aksje en hie twa kear it giel-blau oan yn it bekertoernoai. Tsjin de amateurs fan Ajax makke er syn iennige treffer fan it seizoen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.