F-35's fleanbasis Ljouwert nei Bulgarije: 'Spannend, maar daar zijn we voor'
Trije F-35's en sa'n 100 man personiel fan de Ljouwerter fleanbasis gean meikoarten nei Bulgarije op missy. It is spannend, mar it is wat de loftmacht al jierren docht. Dat seit kommandant Henk Doorten fan de fleanbasis.
'Spannend, maar daar zijn we voor':
Fanwege de spanningen by Oekraïne, dêr't in ynfal fan Ruslân driget, gean de F-35's derhinne. Se moatte it lân helpe by de ferdigening fan it loftrom fan it NAVO-ferdrachsgebiet.
"Sinds eind december zijn we klaar om te worden ingezet", seit kommandant Henk Doorten. "We kunnen doen waar we ons de afgelopen twee jaar op hebben voorbereid."
Quick Reaction Alert-taken
Se gean mei twa tastellen, de tredde F-35 giet as reserve mei. "We gaan zogenaamde Quick Reaction Alert-taken uitvoeren." Neffens Doorten is it spannend om't op de achtergrûn de spanning tusken Oekraïne en Ruslân spilet. Se geane der foarearst twa moannen hinne, april en maaie.
Kommandant Henk Doorten