Omrop Fryslân

Wettertoer Sint-Jabik wurdt bêd en brochje; sliepe mei útsicht op de Waadsee

Op grutte hichte sliepe mei sicht op it Waadseegebiet: tenei kin it yn de wettertoer fan Sint-Jabik. It âlde gebou is net mear yn gebrûk, mar om it te behâlden krijt de toer in nije funksje. It sil in bêd en brochje wurde.
Wettertoer wurdt B&B:
Der komme keamers tichteby de grûn en op sa'n 40 meter hichte. It bassin boppeyn de wettertoer moat dêrfoar wol hielendal ferboud wurde en der komt in lift nei ta, mar de leafhawwer kin de toer ek mei de trep beklimme.
De eigeners hoopje sa gau as mooglik útein te setten mei de realisaasje fan harren plannen mei de wettertoer.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.