Jongeren yn 'e knipe troch lockdown: de ferhalen fan Daan, Rick, Annemarie en Marin

Se misse allegear it fysike kontakt. Ofgryslik. Oan it wurd komme jongeren dy't fertelle oer wat hast twa jier oan coronamaatregels mei harren docht. Fan efterstân op skoalle oant iensumheid en gebrûk fan ferdôvjende middels.
Daan is 16 jier. Hy makket der alle dagen wer it bêste fan, want oars wurde je ek mar meisleurd yn negativiteit. Mar dochs, wat mist er dat fysike kontakt. In goed petear, mei in grutte groep omhingje, famylje.
Yn jongeresintrum Place2B yn Drachten is er in potsje oan it poolen mei syn maat Rick. Daan is ferline jier sitten bleaun op skoalle, omdat er troch alle online lessen de stof net goed meikrije koe. Foar dit skoaljier hat er ek net al tefolle hoop.
Syn mem wol net dat er in mûlkapke op hat en dus kin er net fysyk les krije. Hy mist syn freonen en wurdt somtiden net iens ynbelle foar online les. Ek fertelt er dat er wol eksperimintearre hat mei middels om de leechte fan de lockdown mar te foljen.
It ferhaal fan Daan (16):
Rick is 15 jier. Hy wurdt der gek fan dat de regels hieltyd mar wer feroarje. Hy baalde ek ôfrgryslik fan it fjoerwurkferbod, want hy is grut leafhawwer fan fjoerwurk. En ja, hy begrypt wol dat der regels binne no om corona tsjin te gean. Mar sa as it no giet, kin net goed weze foar de minsken. Je ha gewoan ferlet fan mekoar oankrûpe.
It ferhaal fan Rick (15):
Annemarie komt ek gauris by Place2b. Ek al fielt se har wol wat te âld hast, mei har 24 jier. It soe eins tiid wêze moatte om it hûs út te gean, mar troch de hege huzeprizen slagget dat net.
Se hat grutte muoite de dagen troch te kommen. Har thússituaasje is net altyd like maklik, ek al giet it no wer wat better. Se wol graach nije minsken moetsje, mar doart ek net sa goed mear, want der wurdt sa fûl reagearre as it giet om hoe't je tinke oer corona. Dan wurdt der net mear nei de persoan sjoen, allinne nei de miening.
Se soe sa graach ek wer ris gewoan, sûnder gedoch, in kop kofje mei ien earne drinke wolle. Twa jier corona ha har depressiver makke, iensumer ek.
It ferhaal fan Annemarie (24):
Marin seach der sa nei út: 18 jier wurde! Einliks op stap mei de freonen, de kroech, diskoteken en it nachtlibben yn. Nei festivals. Se is yntusken 19. Se hat der wat oan priuwe kinnen, mar minimaal en foar har fielt dat wat as stiet se op pauze. Se wol graach trochgean mei it libben en mei skoalle, fan pauze ôf.
It ferhaal fan Marin (19):
Ut alle wolwêzensynstellings yn Fryslân wei is der grutte soarch oer de jongeren. It libben fan jongeren is drastysk feroare en omdat it no salang duorret, wurde se beheind yn har ûntwikkeling.
Jongeren binne op syk nei aksje, en útlitkleppen binne der no net. It fergrutglês leit derop en se moatte mar normaal dwaan, mar wat is no normaal?

Spanningen

It is normaal dat se grinzen ferlizze en dat se mekoar op meardere plakken moetsje kinne. Dat heart by it grut wurden. Mar se binne faak isolearre, sitte faker mei spanningen thús en binne beheind yn har mooglikheden.
De jongereinmeiwurkers sjogge in groei fan it gebrûk fan ferdôvjende middels, fan iensumens, fan lulkens en fan learefterstannen nei trije skoaljierren corona. Dat litte de ynstellingen witte yn in mienskiplike reaksje.