Alex Miedema feilt syn kabrio foar eigen miny-itensbank

Alex Miedema feilt syn eigen auto foar it goede doel: in eigen 'ferdielstasjon' foar Koarnjum. Dat is in soarte fan miny-itensbank.
© Facebook: Alex Miedema
"It binne trije ôfskreaune kuolkasten: ien mei iten en drinken, ientsje mei boeken, en ientsje mei toiletprodukten en menstruaasjeprodukten", seit Miedema. "Der wurdt in hiel soad gebrûk fan makke."

Minsken mei in lytse beurs kinne de produkten dy't se nedich hawwe út de kasten helje. "As it regear it net docht, dan moatte je it sels mar dwaan", seit Miedema. "Der binne gewoan minsken mei te min jild. Dy kinne gjin fatsoenlik iten keapje of moanneferbân."

Garaazje

No sil Miedema syn Peugeot 206 CC dus feile om jild op te heljen. Dat jild sil der brûke foar in nije garaazje, dy't der as opslach brûkt foar it ferdielstasjon. "Us âlde garaazje is it dak hielendal kapot fan. Al it guod waard wiet. Dus dat hawwe we foar de winter binnenhelle, mar yn de húskeamer wolst ek wol ris sitte sa no en dan."

It heechste bod oant no ta is 750 euro. "Dat hie ik net ferwachte sa heech, mar it kin altyd noch heger fansels", seit Miedema.

De feiling slút moandeitejûn om sân oere jûns. Biede kin op de Facebookpagina fan it ferdielstasjon.
Alex Miedema oer syn aksje