Omrop Fryslân

Noarsk kampioen nimt Espejord oer fan sc Hearrenfean

Oanfaller Runar Espejord makket de oerstap fan sc Hearrenfean nei FK Bodø/Glimt. De Noar hie noch in kontrakt oant de simmer yn it Abe Lenstra Stadion.
© Orange Pictures
Espejord kaam yn jannewaris 2020 oer fan Tromsø IL. Yn septimber fan datselde jier waard der wer ferhierd oan dy klup, om't er yn Fryslân net in soad spyltiid krige. Yn totaal kaam hy 182 minuten yn aksje yn it pompeblêdeshirt.
No't syn ferhierperioade by Tromsø derop sit socht Hearrenfean nei in oare oplossing foar de 25-jierrige fuotballer. Dy is mei Bodø/Glimt fûn.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.