Omrop Fryslân

Papierwurk rûn: Tahiri definityf nei sc Hearrenfean

Sportklup Hearrenfean hat Anas Tahiri definityf binnen. De 26-jierrige middenfjilder komt transferfrij oer fan it Roemeenske CFR Cluj en moat de ferfanger wurde fan Joey Veerman.
© sc Heerenveen
Tahiri, dy't earder yn Nederlân útkaam foar RKC Waalwijk, tekenet yn it Abe Lenstra Stadion in kontrakt oant de simmer fan 2024.
Technysk manager Ferry de Haan is bliid dat er in opfolger foar Veerman, dy't oerstapte nei PSV, binnenhat: "Met zijn creativiteit en ervaring in het Nederlandse voetbal kan hij voor ons van waarde zijn. We volgen Anas al langer en zijn blij dat hij nu voor ons kiest."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.