Omrop Fryslân

sc Hearrenfean hellet Anas Tahiri as opfolger fan Joey Veerman

Sportklup Hearrenfean hellet Anas Tahiri nei Fryslân as opfolger foar Joey Veerman. Tahiri makket de oerstap fan it Roemeenske CFR Cluj.
Anas Tahiri
© Orange Pictures
De 26-jierrige Belch tekenet in kontrakt foar 2,5 jier. Tahiri spile fan 2018 oant en mei de simmer fan 2021 foar RKC Waalwijk. Mei RKC promovearre de middenfjilder nei de earedivyzje. Ferline jier woe Tahiri syn kontrakt net ferlingje en makke hy de oerstap nei Roemenië.
Tahiri hat syn kontrakt by Cluj ûntbine litten, wêrtroch't er transferfrij fuort mocht. Nei it ûntslach fan trainer Cristian Panin kaam Tahiri net mear oan spyljen ta.

Papierwurk noch net yn oarder

Technysk manager Ferry de Haan kin noch gjin grien ljocht jaan. It papierwurk is noch net hielendal rûn.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.