Omrop Fryslân

Transfer Joey Veerman nei PSV sa goed as rûn

De transfer fan Joey Veerman fan sportklup Hearrenfean nei PSV is sa goed as rûn. De koprinner fan de earedivyzje betellet sa'n 6 miljoen euro foar de middenfjilder.
Joey Veerman
© ANP
Njonken it transferbedrach krijt Hearrenfean ek in trochferkeappersintaazje: as PSV Veerman oait wer ferkeapet, giet der in part nei Hearrenfean.

Al langer yn byld

Veerman stiet al langer yn de belangstelling fan de Nederlânske topklups. Al earder hie Feyenoord twa kear in bod dien op de 23-jierrige Volendammer en moandei waard dúdlik dat PSV him ek meld hie.
De klup út Eindhoven hat rap hannele, want moandeitejûn wienen de klups en de spiler der al út. Veerman soe tiisdei mei PSV mei op trainingskamp nei Marbella yn Súd-Spanje, mar de klup bliuwt yn Nederlân fanwegen ferskate positive coronatests.

81 wedstriden

Veerman makke de simmer fan 2019 de oerstap fan FC Volendam nei Hearrenfean. Yn 2,5 jier spile er 81 wedstriden foar de Fryske klup, wêryn't er 18 kear skoarde en 23 assists joech.
Veerman hie noch in kontrakt oant 2024 yn Fryslân, mar it is gjin geheim dat er sels fynt dat er ta is oan in stap hegerop.

Opfolger?

Technysk manager Ferry de Haan fan sportklup Hearrenfean sei moandei yn de SportCast fan Omrop Fryslân dat Hearrenfean al in eventuele opfolger foar Veerman op it each hat. Wa't dat is, woe er net fertelle.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.