Omrop Fryslân

Ploechlieder De Vries oer syn Alvestêdetocht fan 1997: "In swarte dei"

Yn dizze iiswike by Omrop Fryslân sjogge we werom op de lêste Alvestêdetocht, 25 jier lyn. Peter de Vries, no ploechlieder fan maratonteam Jumbo-Visma, ried ek mei. Dochs einige syn dei yn mineur.
Peter de Vries (nûmer 45) by de start fan de Alvestêdetocht yn 1997.
© ANP
"Ik kin de dei noch hiel goed foar my helje", seit Peter de Vries. "De gekte, dat je hieltyd belle wurde. Foar dysels is it de earste kear. Do witst net krekt wat der op dy ôfkomt."
Peter De Vries wie doe al wat bekend by it publyk, om't er yn it jier dêrfoar de Alternatieve Elfstedentocht op de Weissensee wûn hie. Stjoerder RTL Nieuws woe him dêrom de hiele dei folgje. "Dat ha we dochs mar dien. Foar ús sponsor wie it ek wol moai", seit De Vries.
Ik wie yn in oare diminsje.
Peter de Vries oer de Alvestêdetocht fan 25 jier lyn
Mar hy hat se allinne moarns noch sjoen. De kameraploech ferlear er al gau út it each: syn fokus lei fansels by de tocht. "Ik wie ek yn in oare diminsje', seit de hjoeddeistige ploechlieder fan Jumbo-Visma.

'Ride as de brânwacht'

De reedrider wie mei in lytse efterstân úteinset. It draven nei de start gie minder fluch as by oaren, om't er yn it ferline in ûngemak hân hie. Mei in kollega-hurdrider koe er by Snits lykwols wer oansluting fine, by in frij grutte groep fan sa'n 25 minsken.
Mar by de Galamadammen by Koudum gie it mis. "We giene ûnder de brêge troch. Dêrnei wit ik dat ik hiel hurd fallen bin. Ik bin der nea mear efter kaam hoe en wat. Ik ha miskien in pear sekonden út de tiid west. Doe't ik wer stean gie, fernaam ik drekst dat myn linkerearm net mear woe."
Foar my persoanlik is it ien fan de swartste dagen út myn libben.
Peter de Vries oer syn fal op it iis
It waard 'trochskarreljen' nei Starum, yn de hoop dat dêr in ehbo wêze soe. Dêr koene se fêst syn earm op syn rêch krije. "Dat slagge my hieltyd net", seit De Vries. "Je witte djip fan binnen dat it oer wêze kin, mar dêr wolle je net oan. As se de earm mar op de rêch krije kinne, mei tou of tape, dan sjogge je dan wol wer oft it slagget."

'Ik hoopje dat se it ea meimeitsje kinne'

By de ehbo krige De Vries te hearren dat hy in grutte bulte op it skouder hie. By Starum moast er dan ek fan it iis stappe. Nei in röntgenfoto yn it Antonius Sikehûs yn Snits die bliken dat De Vries in breuk hie yn syn linker skouderblêd.
"Foar my persoanlik is it ien fan de swartste dagen út myn libben", seit De Vries. "Sport is sport, der binne wichtigere dingen yn it libben, mar as ik sjoch nei de kategory 'sport', is it minste wat ik meimakke ha."
It ferhaal fan Peter de Vries
Dochs bliuwt de Alvestêdetocht foar him in geweldich barren. "It is skande dat it 25 jier lyn is. Ik hoopje dat de jonges dêr't ik no mei gearwurkje, it oait meimeitsje kinne: de gekte, en wat it losmakket yn Nederlân."
Omrop Fryslân hat de kommende wike omdoopt ta 'iiswike'. We sjogge wiidweidich werom op de lêste Alvestêdetocht en fan 3 oant en mei 9 jannewaris stiet iis sintraal by Omrop Fryslân op radio, telefyzje en online.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.