Omrop Fryslân

Skoallen yn basis- en fuortset ûnderwiis iepen fan 10 jannewaris ôf

De basisskoallen en skoallen foar it fuortset ûnderwiis sille fan 10 jannewaris ôf wer iepen. Dat makke demisjonêr minister fan Underwiis Arie Slob moandei bekend yn in parsekonferinsje.
© Omrop Fryslân
Ek de bûtenskoalske opfang mei wer iepen. It mbû, it hbû en de universiteiten bliuwe foarearst wol ticht.
Der sille wol inkelde feilichheidsmaatregels jilde. Dit betsjut ûnder oare dat bern fan groep 6 fan de basisskoalle ôf it advys krije om harren geregeld previntyf teste te litten.
Freddy Weima fan de PO-Raad
© Allard de Witte - ANP
Freddy Weima, foarsitter fan PO-Ried is bliid dat de skoallen wer iepen sille. "We ha al twa lange lockdowns efter de rêch, dêr sjochst de effekten noch fan. In tredde lockdown hie hiel min útpakt foar de bern."

Efterstannen

De effekten fan de lockdown binne bygelyks min foar de bern yn groep acht, dy't yn it foarjier in citotoets dwaan moatte, sa seit Weima. De eardere skoalsluting hat foar efterstannen soarge by taal en rekkenjen.
Mar it hat ek konsekwinsjes foar jonge bern, dy't it gearwurkjen en boartsjen mei oaren noch leare moatte. "Dysels ûntwikkelje, mar ek om mei oaren te gearwurkjen, learst allinne asto by in oar bist, yn de klasse", seit de foarsitter. "Dat kinsto net efter in skerm dwaan."

Sport

Njonken de skoallen meie ek bûtensportlokaasjes wer iepen foar jongeren oant 18 jier. Dy lokaasjes moatte dan om 20.00 oere slute yn stee fan 17.00 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.