Minder buertkuolkasten fan Buurvrouw & Buurvrouw Bus tagonklik troch lockdown

Yn Ljouwert steane buertkuolkasten foar minsken dy't it minder breed ha. Stichting Buurvrouw & Buurvrouw Bus siket nije lokaasjes, want troch de lockdown binne guon kuolkasten net mear tagonklik.
Buertkuolkast fan de stichting yn Bilgaard © Buurvrouw&Buurvrouw Bus
Se kinne by minsken yn de tún stean, mar ek yn in skoalle, sportsintrum of wykgebou. De 'buurman', 'buurvrouw' of 'het buurmens', sa as inisjatyfnimster Esmaralda de Vries de behearders fan de kuolkasten neamt, soargje derfoar dat de buertkuolkasten oanfolle binne foar minsken mei in krappe beurs.
Troch de lockdown binne 3 fan de 9 buertkuolkasten lykwols net mear tagonklik. It giet om kuolkasten dy't yn in gebou steane dat sletten is fanwegen de coronamaatregels. "Er blijven nog zes open die wel actief zijn, en die dus ook steeds meer gebruikt worden."

Hoarekaûndernimmers

Mar de stichting kin noch wol inkele nije lokaasjes brûke. In ljochtpuntsje is wol dat der in soad minsken binne dy't it projekt mei de krystdagen stypje wolle."Er zijn ook ondernemers, en ook horecaondernemers, die nu met de handen in het haar zitten met zeer veel ingekochte verse producten. Die willen gebruik maken van de koelkasten."
Der binne hieltyd mear minsken dy't it krap ha en dy't de buertkuolkasten brûke, sjogge se by de stichting. De Vries: "We zien dat steeds meer mensen ons benaderen met: waar staan ze? Waar kunnen we naartoe, moeten we er iets voor doen om het te halen? We zien na één uur gewoon heel veel lege koelkasten."
Esmaralda de Vries oer de buertkuolkasten fan Buurvrouw&Buurvrouw Bus