Omrop Fryslân

De SportCast bepraat de seis krúsjale mominten fan de derby

It wie troch de betide reade kaart miskien net de Fryske derby dêr't op hope wie, der barde lykwols genôch. Mei analist Harm Zeinstra beprate we yn de SportCast de seis krúsjale mominten fan de derby.

1. Hands fan Calvin Mac-Intosch

"It is in terjochte penalty. Hy kin der neat oan dwaan, mar dat is de regel. It is belachlik, mar goed", fynt sportferslachjouwer Geert van Tuinen. "De hannen moatte tsjinwurdich mei tie-rips fêstmakke wurde."
Harm Zeinstra: "Ik slút my der wol by oan. Ik mis wol de kontekst dat der fierder gjin gefaar ûntstean soe, as Henk Veerman de foarset wol jûn hie. It wie in simpele fangbal wurden foar Sonny Stevens."

2. Reade kaart foar Doke Schmidt

In soad diskusje is der oer de reade kaart dy't Doke Schmidt nei tolve minuten krijt. Zeinstra jout oan in foarkar te hawwen foar giel. "Dat wie myn earste gedachte. Mar, hoe faker ast him sjochst yn de werhelling, hoe slimmer it wurdt. It bliuwt in klisjee, mar hy kin him jaan."
Sportferslachjouwer Andor Faber dielt dy miening: "Ik fyn it net sa'n slimme oertrêding dat je dêr read foar jaan moatte."
It falt te ferklearjen, mar it is net de goeie kar. Dus it is in flater.
Harm Zeinstra oer it útkommen fan Xavier Mous by de 1-1

3. Lykmakker fan Roberts Uldrikis

Zeinstra is sels âld-keeper fan sc Hearrenfean en SC Cambuur. Mei it analysearjen fan doelmannen hâldt er him fanatyk dwaande. Krekt as by de 1-1 fan Cambuur, dêr't Xavier Mous útkomt en Roberts Uldrikis ynkoppet.
De lêzing fan Zeinstra: "Wat Cambuur hiel tûk die, is dat it Henk Veerman blokte. Der kaam in soad romte frij yn dy zône, dêr't Uldrikis opdûkte. Dat is gjin tafal, ik tink dat Cambuur dat analysearre hat. Yn dy sin waard Mous triggere om it op te lossen, wêr't er net bykaam."
Mar, is it dêrmei ek in flater? "It falt te ferklearjen, mar it is net de goeie kar. Dus it is in flater."

4. Hands fan Joey Veerman?

Diskusje is der ek oer de mooglike handsbal fan Joey Veerman yn de twadde helte. Cambuur woe dêr in strafskop foar hawwe. Dêr giet Van Tuinen yn mei. "Ja, ik ha in byld sjoen wêryn't er de hân te fier fan it lichem hat. Wol kromme, mar fan it lichem ôf. Dus ik fûn it in penalty."
Faber fynt it dan wer gjin penalty. "We fine dy handsbal fan Mac-Intosch allegear belachlik. Mar hjir hat Veerman de hân folle mear tsjin it liif oan as Mac-Intosch hat. Stel: dy earste wie net jûn, dan wie hjir net oer praat."
Zeinstra: "Myn gefoel seit ek fan nee. Hy hat de hân reedlik strak neist it lichem en der komt wer gjin gefaar út."
It momint fan Xavier Mous yn de blessueretiid
© Orange Pictures

5. Ferdigeningsflater Cambuur by 1-2

Henk Veerman koppet sân minuten foar tiid de winnende goal efter Cambuur-keeper Sonny Stevens. Dêrtroch winne de Feansters en lûke de Ljouwerters oan de koartste ein.
Faber dêroer: "Maxim Gullit en Mees Hoedemakers sjogge der by dy 1-2 net goed út. Erik Schouten foel út en dat brekt Cambuur yn myn eagen úteinlik op. Dêrtroch falt de goal sân minuten foar tiid."
Neffens De Vries hie Hearrenfean sawiesa wol skoard. "Ik tink dat er oars ek fallen wie, hear. As je sjogge nei de expected goals, die wiene hiel heech by Hearrenfean. Se rekken de peal en de latte, hy siet der wol oan te kommen."

6. Xavier Mous rêdt Hearrenfean

By in 2-1 foarsprong foar Hearrenfean, krijt Cambuur yn de lêste minút noch ien kâns fia Alex Bangura. Mous komt lykwols goed út de goal en kin rêde. Dêrmei hat hy in haadrol yn de oerwinning.
Zeinstra fynt dat de Feanster keeper dat goed dien hat. "It waard net echt in kâns, om't Bangura noch fol yn duel wie mei Sven van Beek. Mar Mous makket wol in goeie kar om út te kommen en gelyk te blokken", seit Zeinstra, dy fynt dat de spits fan Cambuur mear dwaan moast foar Bangura: "Uldrikis hie Van Beek miskien mear blokke kinnen."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it fuotbalnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.