Oprop foar behâld skipswerf: "Waadhoeke moat om tafel mei âlde en nije eigeners"
De feriening Vrienden van de stad Franeker ropt de gemeente Waadhoeke op om mei de âlde en de nije eigeners fan de skipswerf Welgelegen yn petear te gean oer it behâld fan de werf. De sloophammer driget foar it 150 jier âlde gebou.
"As je wat wolle, dan moatte je it no dwaan":
Troch ferkeap fan it terrein oan in projektûntwikkeler út Emmen soe it histoaryske skipswerfgebou ynkoarten sloopt wurde en plak meitsje moatte foar huzen. De klok tikket, om't it keapkontrakt op 1 jannewaris yngiet.
Needklok
It is net de earste kear dat by de polityk de needklok let wurdt oer de skipswerf. Yn 2015 makke Stichting Draaisma's Werf Welgelegen uit Raerd al plannen om de werf te keapjen. It idee wie om dy op 'e nij te brûken foar skipsbou. Thiadrik Twerda fan Vrienden van de stad Franeker wie doe wethâlder fan Frjentsjerteradiel, mar kin him dy plannen net fuort heuge.
Wol wit hy dat der beswieren út de buert wei wienen, om't omwenners benaud wienen foar lûdsoerlêst fan de werf. Yn de nije plannen soe it gebou op de werf ek as museum of hoarekagelegenheid brûkt wurde kinne. "As je it pân mar behâlde en sjen litte wat it eartiids wie", seit Twerda.
Het is misschien esthetisch gezien niet het mooiste gebouw van Franeker, zoals het Raadhuis, maar het is minstens zo belangrijk.
Erfgoedadviseur Max Popma, dy't de Vrienden van de stad Franeker bystiet, leit út dat it gebou op de skipswerf unyk is.
"Het is misschien esthetisch gezien niet het mooiste gebouw van Franeker, zoals het Raadhuis, maar het is minstens zo belangrijk. Het is in de omgeving de laatst overgebleven werf die ook nog als zodanig herkenbaar is en herinnert aan een eeuwenlange scheepsbouwgeschiedenis."
Yn it ferline wiene der yn Frjentsjer tsientallen skipswerven, mar dy binne ferlern gien.
Monumint
Nettsjinsteande de histoaryske wearde fan it pân is it gjin ryks- of gemeentemonumint. Popma en de Vrienden van de stad Franeker witte net hoe't dat kin, mar sizze dat it noch hieltyd mooglik is om dy status oan te freegjen.
"In principe kan dat. Iedereen die belanghebbend is, en dat zijn de Vrienden, mag een erfgoedstatus aanvragen voor dit gebouw", seit Popma. Gearwurking fan de âlde of nije eigeners soe dêrfoar gjin eask wêze.
Brief oan gemeente
Vrienden van de stad Franeker hat in brief stjoerd nei it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan de gemeente Waadhoeke, mei it fersyk om yn alle gefallen foarearst net yn te stimmen mei in eventuele sloopoanfraach.
"As er sloopt is, dan is hy foetsie", seit Twerda. "En fierder freegje we it kolleezje om te sjen nei de mooglikheden om dizze werf op ien of oare manier yn stân te hâlden foar de takomst. Sykje kontakt mei de nije eigeners en de foarige eigeners, dat is ús fersyk."
Ferslachjouwer Earryt Sijens seach mei Thiadrik Twerda en Max Popma by de skipswerf