Van Selm: miste kâns dat it wurd 'plattelân' net yn koälysjeakkoart stiet
Boargemaster Ellen van Selm fan Opsterlân fynt it ûnbegryplik dat it wurd 'plattelân' net ien kear yn it koälysjeakkoart neamd wurdt. Dat wylst in soad nasjonale problemen troch de plattelânsgemeenten oplost wurde moatte, seit sy as foarsitter fan de P10.
De P10 is in gearwurkingsferbân fan de 30 grutste plattelânsgemeenten yn Nederlân. Van Selm hie graach mear mei de nije koälysje oplûke wollen. "Want de ruimte zit bij ons", seit sy. Dan giet it bygelyks om de wentebou.
'Miste kâns'
Neffens Van Selm is it in 'miste kâns' dat der foar it skriuwen fan it akkoart net mei de plattelânsgemeenten praat is. Soks soe nei har idee wol goed passe by it 'nije elan' dat it kabinet sjen litte wol. Van Selm fynt dat dêr ek omtinken foar ynterbestjoerlike ferhâldingen by heart.
De P10 is wol entûsjast oer de oanpak fan it klimaatprobleem. Der binne noch wol fragen oer it finansieren fan de wentebouplannen. Dat soe noch tefolle in sigaar út eigen doaze wêze.