Ekstra grutte hal yn WTC Ljouwert foar rappere boosterkampanje

Om de boosterkampanje yn Fryslân op tempo te bringen, komt yn it WTC Expo yn Ljouwert in ekstra grutte hal. Dat seit boargemaster Sybrand Buma.
De faksinaasjelokaasje yn it WTC Expo yn Ljouwert © ANP
Yn de coronaparsekonferinsje fan tiisdei kundige demisjonêr minister Hugo de Jonge oan dat alle 18-plussers yn jannewaris al in boosterprik krije kinne, as har lêste prik op syn minst trije moannen lyn is. De Jonge hat it oer in "maximale versnelling" fan de boosterkampanje.
"De GGD Fryslân is nu op het maximale niveau aan het bijschalen", seit Buma. "Alles wordt in het werk gesteld om hier zoveel mogelijk mensen zo snel mogelijk te vaccineren."
Koepelorganisaasje GGD GHOR Nederland kin noch neat sizze oer de rappere boosterkampanje. In wurdfierder lit witte dat de organisaasje "nog in beraad" is mei de regionale ôfdielingen. "We voeren nog koortsachtig overleg." Woansdeitemoarn komt der in ferklearring.
Foar de ferlinging fan de coronamaatregels kin Buma allinnich mar begryp opbringe. "De situatie is gewoon heel onzeker. Ik begrijp heel goed dat er dan voor gekozen wordt om deze maatregelen voort te zetten."
De maatregels duorje foarearst oant en mei 14 jannewaris, mar alle boargemasters fan Nederlân ha Rutte ek in brief skreaun om ek nei te tinken oer de takomst. "Het begint met de verschillende scenario's", seit Buma. "We hoopten ooit dat het een crisis was die een zomer en een winter duurde, maar dat is niet het geval. Dus moet je dingen in de samenleving veranderen? Het zijn vooral vragen, maar laten we die vragen verzamelen, de scenario's maken en dan kijken hoe we daar zo goed mogelijk mee om kunnen gaan."

Prate mei yn stee fan oer

Hy fynt ek dat der mear mei minsken en sektoaren praat wurde moat. "Kijk bijvoorbeeld naar de horeca, die nu zwaar wordt getroffen. Er moet met de horeca gesproken worden: wat is het perspectief? Met welke compensatiemaatregelen kun je uit de voeten? En wat kunnen we bieden waarmee je toch toekomst hebt?"
Uteinlik jildt dat ek foar oare sektoaren. "Er zijn allerlei sectoren die met deze nieuwe hordes zitten. Je moet samen met de sectoren kijken hoe we hier op de lange termijn zo goed mogelijk mee om kunnen gaan."