Omrop Fryslân

Skoallen bale fan lette beslút eardere krystfakânsje: "Laat het dan op tijd weten"

Skoallekoepels yn Fryslân bale fan it lette beslút om basisskoallen in wike earder ticht te smiten. Dat docht bliken út in rûngong fan Omrop Fryslân.
Op skoallen snappe se dat der wat barre moat, mar dit is net de wize wêrop:
Ferskate skoallekoepels litte witte dat it sa let is dat se it nijs te hearren krije en dat se no te min tiid ha om har ta te rieden op takom wike. Want dat is noch de grutte fraach: krije learlingen takom wike echt fakânsje, of is it wol de bedoeling dat se thúsûnderwiis krije?
Direkteur-bestjoerder Hans Greidanus fan it PCBO yn Ljouwert is 'not amused'. "Minister Slob was heel duidelijk: we gaan ervoor om de scholen open te houden. En de PO-raad zei ook: als het wel anders moet, laat het dan op tijd weten. Dat had voor afgelopen weekend moeten zijn."

Minder fersprieding fan firus

Mar yn stee fan ferline wike lekte tiisdei út dat it demisjonêre kabinet de fakânsje nei foaren helje wol. It idee is dat bern dan minder kontakt mei-inoar ha en de kâns op fersprieding fan it firus ek minder grut is.
In leech klaslokaal: dat sjogge we kommende wike ek wer
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
"Een vakantieweek klinkt prima", seit Greidanus. "Maar in de praktijk is dat niet zo. Leerkrachten moeten toch leerlingen opvangen die ouders hebben met cruciale beroepen. En dat zijn er nogal wat, hebben we in de vorige lockdowns gemerkt. En er moet les op afstand gegeven worden. Dat is zo'n chaotische situatie."

Probleem ferpleatse?

En ek as it wol echt fakânsje is en learkrêften frij binne, dan noch is it probleem net oplost. "Dan leg je het probleem bij de ouders", neffens Greidanus. "Dan verplaatst het zich naar de kinderopvang waar ze ook te weinig personeel hebben."
We witte dat guon kollega's it al frij pittich ha op it momint.
Juf Elly Ytsma
Net allinnich de skoalbestjoerders binne fernuvere, it jildt ek foar de leararen fan de Johan Willem Friso Skoalle. "Wy hiene heard dat it wierskynlik net trochgean soe en dan hearre we op it lêste momint dat it dochs trochgiet", seit Elly Ytsma. "Dat is wol efkes skeakeljen."
En thúsûnderwiis is net samar regele. "It freget dochs wol wer wat ekstra's fan ús. Natuerlik ha we alles taret en stiet alles klear. Mar we witte dat guon kollega's it al frij pittich ha op it momint. Troch in soad sykte en sa. Dan wurdt dit ek noch fan se frege de lêste dagen. Dat is wol pittich."

Protte ûnderfining

Dosint Jan de Boer sjocht it persoanlik wol sitten. "We staan er klaar voor. We hebben natuurlijk inmiddels heel veel ervaring opgedaan en heel veel geleerd, dus wij kunnen dat wel aan. Ik merk ook wel aan kinderen en sommige collega's dat een vakantie ook wel prettig zou zijn."
Hy sjocht ek wol dat in fakânsje net direkt alle problemen oplost. "Ook omdat je bepaalde groepen ouders hier misschien wel mee belast. Die moeten misschien nog halsoverkop oppas voor hun kind regelen. Dan hoop je natuurlijk niet dat het opa en oma gaan worden. Maar ja, ik kan me ook voorstellen dat er ouders zijn die geen andere optie hebben dan opa en oma."

Oppas regelje

Lâns it skoalplein begripe se de soargen wol. "De bern bringe de sykte dan minder gau oer", seit ien fan de âlders en fersoargers. "Mar foar de âlders is it wol lestich, dy moatte wer ymprovisearje. Ik moast al wat ekstra oppasse yn de krystfakânsje. Dat sil takom wike faker moatte. Ik ha sels frij naam, mar it is wol lestich."
In oar fynt it in prima idee. "Ik wurkje sels ek yn it ûnderwiis en dizze perioade is bêst wol belêstend foar learkrêften. Dy moatte ûnderwiis fersoargje foar bern yn karantêne én op skoalle oanwêzich wêze. Dit is tink ik in hiel moaie oplossing. Mar ik ha maklik praten, want foar my is de opfang makliker regele, want ik sit dan ek sels thús."
In oare mem moat gau op syk nei in oplossing. "Met m'n werk is het wel moeilijk. Ik zit in de hulpverlening en dat stopt natuurlijk niet. Dus ik moet een oplossing vinden voor de kinderen. Het brengt wel wat spanning met zich mee. Maar ik snap het wel, want op veel scholen zijn veel besmettingen."
Har bern ha in dûbeld gefoel. "Aan de ene kant vinden ze het heerlijk om thuis te zijn, maar het is geen vakantie. De opdrachten moeten ze gewoon doen en ze missen hun vriendjes."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.