Omrop Fryslân

Fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean ferlieze fan PSV

De fuotbalfroulju fan sc Hearrenfean ha snein op sportpark Skoatterwâld mei 1-0 ferlern fan PSV.
Desiree van Lunteren skoart foar PSV
© www.orange-pictures.nl
Al betiid yn de wedstriid kaam PSV foar mei in strak ynsketten penalty yn de fjirde minút. Nei in kertier spyljen wie der in grutte kâns foar Van Dijk, mar de keepster kearde de bal. In frije traap fan Bormans skeat dêrnei oer it doel. Flak foar rêst krige McFarland in giele kaart. De gasten koenen in frije traap net fersulverje.
Nei it skoft fierde Hearrenfean de druk fuort op. In skot fan Eef Kerkhof einige yn de hannen fan keepster Sari van Veenendaal. In ôfstânsskot fan Bormans kaam op it dak fan it doel. De earste kâns foar PSV yn de twadde helte rekke de doellatte. Ek yn de ekstra spyltiid fan seis minuten waard net mear skoard.
It wie de alfde kompetysjewedstriid. De froulju fan sc Hearrenfean stean no op it achtste plak.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.