Bewenners Bennema State yn Hurdegaryp krije boosterfaksinaasje
Earst de faksins klearmeitsje, en dêrnei prikken sette. Dat wie tongersdei de opdracht fan fjouwer personielsleden fan wensoarchsintrum Bennema State yn Hurdegaryp. Bewenners krigen dêr harren boosterprik, sadat se wer better beskerme binne tsjin it coronafirus.
Der waarden tongersdei 110 boosterfaksinaasjes set yn Bennema State:
Soarchgroep Noorderbreedte hat foar de boosterprikken personiel frijmakke. Mei de faksins rinne de meiwurkers keamer foar keamer by de bewenners del. Hast alle bewenners yn Bennema State hawwe har opjûn foar de boosterfaksinaasje.
De ôfrûne moannen binne se der yn Hurdegaryp yn slagge it coronafirus bûten de doar te hâlden. "Yn de omjouwing sjogge wy wol hieltyd mear coronabesmettingen", fertelt ferpleechkundige Rimer Meindertsma. "Ek wy ha elke dei noch minsken mei klachten, mar oant no ta binne alle tests gelokkich negatyf."
"Een kleinigheid"
Bewenner Max Haringa is wiis dat hy tongersdeitemoarn opnij faksinearre is. "Die ziekte, die verspreidt zich. Gelukkig hier nog niet, maar het is wel hevig. Als je dat kunt voorkomen door zo'n prik, is dat maar een kleinigheid."
Ynkoarten moatte net allinne bewenners, mar ek personiel en frijwilligers fan Noorderbreedte in boosterprik krije kinne.