'Der Krug an der Wiedau' yn Dútslân yn premjêre: in film yn fiif talen

Fiif of miskien sels sân talen trochelkoar yn ien petear: yn it westlike grinsgebiet tusken Dútslân en Denemarken is it gjin útsûndering. Yn in komyske misdiedfilm, dy't dizze wike yn premjêre giet, wurde de fiif talen sprutsen: it Noardfrysk, Suderjysk, Platdútsk, Deensk en Dútsk.
© Bund Deutscher Nordschleswiger
De premjêre fan 'Der Krug an der Wiedau/Kroen ved Vidaen' wie tiisdeitejûn yn it Noardfryske Naibel (Niebüll). De film spilet yn en om in kroech op de Dútsk-Deenske grins yn it plakje Rosenkranz. Der wurdt in lyk ûntdutsen op it stek oan de grins. De holle is al yn Denemarken, mar de ûnderein noch yn Dútslân en dêrom meie in Dútske en in Deenske resjersjeur tegearre besykje om de misdie op te lossen.
De stamgasten fan de kroech steane lykwols net te springen om it plysjeteam in soad wizer te meitsjen. "Wy binne hjir net yn de DDR", seit de kastlein as him frege wurdt wa't as lêste fuort gie op de jûn fan de moard.

Alle streektalen

De film is in koproduksje fan it Nordfriisk Teooter yn Husum en de Bund Deutsche Nordschleswiger fan de Dútsktalige minderheid yn Denemarken.
Yn de film binne alle talen dy't yn streek praat wurde op natuerlike wize trochinoar te hearren, fertelt regisseur Gary Funck. It giet om it Noardfrysk, Suderjysk (Súd-Jutlânsk), Platdútsk, Deensk en Dútsk.
Yn de film binne alle talen folslein lykweardich oan inoar.
Regisseur Gary Funck oer de fiif streektalen yn de film
"It wie 20, 30 jier lyn hiel gewoan om yn sa'n kroech op de grins al dy talen trochinoar te hearren", fertelt Funck, dy't sels ek flakby de grins wennet. "Yn de film binne alle talen folslein lykweardich oan inoar. It giet, as je hiel goed harkje, eins om 7 talen, want der wurde twa Noardfryske farianten praat (Ferring en Mooringer Frasch) en ek twa farianten fan it Suderjysk."

Streamfersnelling

It filmprojekt kaam ferline jier yn in streamfersnelling doe't toanielspylje net mear mooglik wie troch de coronapandemy. "It idee wie der al langer, mar corona wie de katalysator", fertelt Funck.
"Doe't de teäters ticht giene bin ik oan it skript en it draaiboek begûn." Funck wie earder artistyk lieder fan it net mear besteande European Minority Film Festival (2006-2018), dat films yn Europeeske minderheidstalen presintearre.

Yn dy tiid koe er, ta syn eigen teloarstelling, wol dokumintêres mar nea in spylfilm yn it Noardfrysk presintearje. Hy is dan ek grutsk dat der no lang om let in film is dêr't Noardfrysk yn praat wurdt en dy't ek lykweardich is oan de oare talen yn de film. "It is hiel wichtich foar in lytse taal, dat dy ek ris op it grutte doek te sjen is."

'Fryske swarte humor'

De makkers hawwe mei sin in ferhaal en type film keazen dat neffens harren geskikt is foar in grut publyk. "Wy ha socht om in ferhaal mei typysk Fryske swarte humor, sadat de minsken ek laitsje kinne."

De film 'Der Krug an der Wiedau' is realisearre foar in 'mikrobudzjet' fan noch gjin 100.000 euro. Kommende wykein giet de film foar de twadde kear yn premjêre yn Denemarken. It is it doel dat de film fan febrewaris ôf takom jier ek yn de bioskopen yn de regio draait, fansels mei ûndertiteling.
Hjir kinst alfêst de trailer besjen.
Der Krug an der Wiedau: in film mei 5 streektalen