Noed by amateurklups oer nije maatregels: "It wie krekt wer op de rit"

Alle fuotbalklups moatte mei de nije coronamaatregels jûns ticht. Dat soarget foar noed by de klups, want sy kinne net mear traine. Sneons in wedstriid spylje mei wol. Dat binne brike maatregels, seit de sektor.
Noed by amateurklups oer nije maatregels:
"Goeie goal, moai sa trochgean", ropt Kean Bakker op de betide sneontemoarn oer it sportpark fan VV Delfstrahuizen hinne. De trainer fan de jeugd oant alve fan de klup út Dolsterhuzen set fraachtekens by de regels.
"It frjemde is dat wy earst wol fuotbalje meie, mar jûns net mear. Ik begryp dat it om de reisbewegings is, mar sa is it ek gjin dwaan. Wy soenen mei de jongerein oerdei fuotbalje kinne, mar in oare oplossing sjoch ik no earst ek net."

Nije útdaging

Wylst Bakker syn team nei in oerwinning coacht, sjocht foarsitter fan de klup Sybren Bangma de takomst mei in min gefoel temjitte. Syn klup mei 300 leden stiet wer foar in nije útdaging.
"Wy wiene krekt wer moai op streek en dan krijst dit wer. Ik tink dat wy in Dolsterhuzen-bubbel krije moatte. Foar de junioaren is noch wat te regeljen, mar foar de senioaren is dit fansels gjin dwaan. Dy wurkje oerdeis en binne om fiif oere noch net thús."
Lit de bern asjebleaft wol gewoan fuotbalje.
Sybren Bangma, foarsitter VV Delfstrahuizen
"Jûns net traine en dan sneons wol spylje?" giet Bakker fierder. "It is ferskriklik om te sizzen, mar dan kinst better de kompetysje skrasse, sa krijst allinnich mar blessueres. Mar lit de bern asjebleaft wol gewoan fuotbalje."
VV Delfstrahuizen © Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
Op in lyts kertierke riden fan de swart-wite klup leit SC Joure. Mei sa'n tûzen leden in grutte spiler yn de regio. "Wy ha meardere fjilden, mar wy kinne alle minsken oerdei net kwyt," seit foarsitter Roelf Kok.

"Skras de kompetysje"

"Ik tink dat wy gewoan mar nei it skrassen fan de kompetysje moatte, want dit is gjin dwaan. Mar wy ha alle hoop noch op de KNVB. Mooglik dat sy mei in lobby noch de tiden oprekke kinne. Dat de senioaren jûns traine kinne. Dat kin dochs ek gewoan? Sy meie sneons wol fuotbalje, mar jûns net traine. Hooplik kin de KNVB noch wat foar it fuotbal betsjutte."
© Omrop Fryslân, Willem Vermeltfoort
De KNVB lit yn in reaksje witte dat sy kommende moandei mei mear ynformaasje komme. Direkteur fan it amateurfuotbal Jan-Dirk van der Zee sjocht nei de opsjes om de kompetysje stil te lizzen.
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort by VV Delfstrahuizen