Soad besmettingen yn basisûnderwiis; klassen nei hûs en skoallen ticht
It coronafirus slacht op it stuit hurd om him hinne yn it basisûnderwiis. Klassen wurde nei hûs stjoerd en sels hiele skoallen binne ticht lykas yn Aldgea (Smellingerlân) en Lippenhuzen.
Dat soarget net inkeld foar holbrekkens by âlden dy't de bern ynienen wer thús hawwe, mar ek by de direksje fan de skoallen. Dy krije foar de bern en klassen dy't der al binne de roasters mar kwealik rûn.
"We doen enorm ons best", seit Harry Steensma, direkteur fan skoalkoepel Noventa út Noardeast Fryslân. Dizze wike ha se noch net groepen nei hûs stjoere moatten mar der is wol útfal. "Het is lastig want er zijn niet veel invallers. Met kunst- en vliegwerk redden we het, door directeuren voor de klas te zetten of intern begeleiders en lesondersteuners."
Noed oer kwaliteit
Hy hat noed oer de kwaliteit fan it ûnderwiis. "Die staat ernstig onder druk. Het is niet de kwaliteit die we graag zouden willen. We hadden gehoopt dat het nu minder zou zijn met corona. We hebben de extra middelen die we hebben ontvangen ingezet en extra personeel benoemd." Hy priizget de ynset fan leararen dy't mear oeren en mear dagen wurkje. "Die inzet is bewonderenswaardig."
Steensma hopet net dat de skoallen troch de oprinnende besmettingen wer ticht moatte. "Ik houd mijn hart vast."
Harry Steensma fan skoalkoepel Noventa