Noorderkroon Award foar bêste spylfilm nei Little Amsterdam fan Jörgen Scholtens
De film Little Amsterdam fan Fries om utens Jörgen Scholtens hat op it Noordelijk Film Festival de Noorderkroon Award foar bêste spylfilm wûn. Dêrmei fersloech de film Stjer fan Janko Krist en De Kameleon aan de Ketting fan Steven de Jong.
Yn de kategory 'grutste jong talint' wûn Hannah Swart mei de film 'Ferdinand, the Happy Pathmaker'. Dy film is ien fan de trije FryslânDOKs dy't tongersdei 11 novimber yn premjêre gong op it festival.
De sjuery sei oer de film fan Swart: "Een film die vanaf het begin overtuigt en ontroert, met bovendien een doelgerichte verhaallijn".
Ferdinand
De film fan de 22-jierrige Swart giet oer har bysûndere omke Ferdinand. Nei in swalkjend bestean oer de wrâld krijt Ferdinand ynienen in harsenynfarkt. Hannah en har heit helje him op út in sikehûs yn Toulouse en nimme him mei nei Fryslân.
Op 'e pleats fan de famylje Swart kin hy refalidearje. Syn dokter seit dat er 24 oeren deis fersoarging nedich hat, mar sels tinkt Ferdinand dêr hiel oars oer. Hannah pakt har filmkamera en beslút alles te filmjen. It wurdt in spannend proses, foar har frijheidsleavjende omke en foar de rest fan de famylje.
"Mei Ferdinand hiene wy der ynienen in nij gesinslid by dat in soad oandacht nedich hie. Fan dat momint ôf woe ik alles filmje. Omdat ik it ynteressant fûn hoe't elkenien mei Ferdinand kommunisearre, mar ek foaral om te sjen hoe't wy as famylje mei inoar omgongen", seit Swart.
Hannah Swart is de jongste programmamakker foar FryslânDOK oait. Sy begûn as stazjêr by it programma 'Hea'. Op dit stuit sit se yn it earste jier fan de HKU yn Utrecht.
Oare awards
De priis foar bêste dokumintêre gie nei Bart Eysink Smeets foar Bart en de steen die terug naar huis ging en dy foar bêste koarte film krige Fabian Claes Jansen foar ADA.
Fierder binne Noorderkroon Awards útrikt foar: Ik ben ook iemand fan Marijke Huisman, Ivo Kraan en Annelies Visser (bêste koarte dokumintêre), Schervengericht fan Hidde Muskee (bêste studintefilm) en Zwevend lief meisje fan Leon Wohlrabe (bêste amateurfilm).
De film 'Ferdinand, the Happy Pathmaker' wurdt troch FryslânDOK op telefyzje brocht. Op 18 desimber is de útstjoering by NPO2 en op 19 desimber by Omrop Fryslân.