Omrop Fryslân

Festival Welcome to the Village bliid mei brede stipe yn gemeenteried

Ljouwert wol it festival Welcome to the Village (WTTV) net kwyt. De ried stimde tiisdei mei grutte mearderheid foar behâld fan it festival. Dat gie de lêste jierren net troch troch problemen mei de fergunning en corona.
© Ruben van Vliet
Twa kear koe it festival net trochgean: yn 2019 en 2020. Yn 2019 smiet corona dwerse kneppels. Ferline jier wiene der problemen mei de fergunning. De stichting Groene Ster Duurzaam hie beswier makke tsjin it festival yn rekreaasjegebiet Griene Stjer. Der soe te folle skea ûntstean foar de natuer.
De saak kaam foar de rjochter en de festivalorganisaasje fûn in oar plak yn de binnenstêd. By eintsjebeslút waard it úteinlik fanwege corona dochs noch ôfsein.

Binnenstêd

Eva van Netten fan Welcome to the Village is bliid mei de brede stipe dy't de ried no útsprutsen hat. Op twa stimmen nei wie de ried foar it behâld fan it festival foar Ljouwert. Foarearst komt it festival net werom yn it Griene Stjergebiet, seit Van Netten.
Takom jier is it yn de Ljouwerter binnenstêd. Dêrfoar is de organisaasje in gearwurking oangien mei poppoadium Neushoorn, stedsskouboarch De Harmonie en kafee De Markies.
Eva van Netten
Foar 2023 en letter is de festivalorganisaasje mei de gemeente oan it sjen nei in gaadlik terrein. WTTV hat in kantoar en in kluphûs op bedriuweterrein De Zwette. Dat terrein is te lyts om it festival te hâlden, neffens Van Netten.
Wat se sykje, is in terrein mei in ûndergrûn fan gers of stien mei fasiliteiten om it hiele jier troch te wurkjen. It leafst yn Ljouwert en tichtby de binnenstêd.
Yn alle gefallen wolle se gjin terrein mear lykas it Griene Stjergebiet dêr't kâns is op fergunningperikelen. Dat liedt ôf fan it wurk foar it festival sels dat se dwaan moatte. It senario 'út Ljouwert wei' is noch net hielendal fan de baan, seit Van Netten. De festivalorganisaasje wol it net. Mar as it net oars kin, moat it miskien wol.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.