Omrop Fryslân

Nije bioskoop yn Ljouwert giet nei fertraging woansdei iepen

De nije bioskoop fan Pathé oan it Ruterskertier yn Ljouwert giet woansdeitejûn iepen. Dat hie al earder sillen, mar de bioskoopketen hie leveringsproblemen en dêrtroch waard de iepening útsteld.
Bioskoop Tivoli, dy't krekt tichtgien wie, waard doe wer iependien. Tivoli bliuwt ek noch in pear dagen iepen. Alle films fan it Noordelijk Filmfestival bliuwe dêr. Dat festival begjint dizze woansdei en duorret oant en mei snein.
Manager Jan Paul Beverwijk fan Pathé hat oanjûn dat Pathé benammen te krijen hie mei in tekoart oan grûnstoffen, lykas metaal en hout. Der koe ûnder oare in trep net levere wurde. Dêrom wurdt der earst in tydlike needtrep brûkt. Yn totaal hat de nije bioskoop sân sealen. Ien seal hat in spesjaal lûdssysteem dat mear as fyftich speakers apart oanstjoere kin.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.