Omrop Fryslân

Ienriedichheid oer elektrisiteitsnet: Den Haag moat tempo meitsje

"De tiid fan praten is oer, we moatte no mei de fûst op tafel slaan." Dat seit Jan-Willem Tuininga, fraksjefoarsitter fan de FNP yn Ljouwert. Hy fynt dat Den Haag no oan de bak moat mei de ferswierring fan it stroomnet.
Liander leit nije buizen oan yn Ljouwert
© Omrop Fryslân, Timo Jepkema
Tuininga die syn útspraken yn it Nijsfoarum fan Buro de Vries. Oanlieding wie de plannen dy't op it stuit oeral makke wurde om enerzjyneutraal te wurden. Al dy plannen wurde dalik tsjinholden omdat der te min kapasiteit op it stroomnet is.
"Dan hear ik Rutte roppen om aksje, aksje, aksje. Mar dan moat Den Haag hjir earst mar ris prioriteit oan jaan", fynt Tuininga.

Gjin stroom foar nije bedriuwen

Yn in grut part fan Fryslân kinne nije bedriuwen foarearst gjin stroom krije troch krapte op it elektrisiteitsnet. Bedriuwen kinne ek net útwreidzje. Wichtige plakken foar yndustry en bedriuwen - lykas Ljouwert, It Hearrenfean en Wolvegea - lizze yn 'read gebiet', dêr't de problemen it slimst binne.
Tuininga: "Nije bedriuwen kinne har net mear fêstigje om't Liander de netkapasiteit net leverje kin, mar oarsom wurde ek inisjativen fan partikulieren en bedriuwen rekke. Want duorsum opwekte stroom kin ek net weromnaam wurde."
Uteinlik betelje wy it sels. Mar dat is ek net slim, want it is nedich.
Marga Waanders (boargemaster Waadhoeke) oer it opfieren fan de kapasiteit
Boargemaster Marga Waanders (Waadhoeke) kin har wol yn fine yn de oprop fan Tuininga. "De kapasiteit moat omheech, mar dat moat ek troch de Ryksoerheid betelle wurde. Uteinlik betelje wy it sels. Mar dat is ek net slim, want it is nedich. Der moat ynvestearre wurde."
Dat it moarn net regele is, stiet foar Waanders fêst. "Je kinne fine dat it moarn klear wêze moat, mar dat slagget net. Likegoed om it jild as om it útfieren net."
Waanders fertelt dat yn har gemeente in saneamd 'ûnderstasjon' leit dêr't gebrûk fan makke wurde kin. "Dat jout yn ús gemeenten mooglikheden wat it fersterkjen fan it net oanbelanget."

Net samar regele

Minsken binne min ofte mear feroardiele ta in enerzjyleveransier lykas Liander of Enexis, seit Tieneke Clevering fan wetterskipspartij Water Natuurlijk. "Ik haw ea in skoftke wurke by Enexis oan de telefoan. Somtiden krige ik minsken oan de telefoan dy't it opsizze woene. Mar dat kin fansels net, dan moatte jo by in enerzjebedriuw wêze. Wat dat oanbelanget is sa'n netwurkbedriuw in gek ding."
Clevering konstatearret ek dat it grutter meitsjen fan de kapasiteit op it stroomnet net fan de iene op de oare dei regele is. "It kostet tiid om soks oan te passen. Sjoch ek mar nei wat der nedich is om rioel of glêsfezel oan te lizzen. Mar nedich is it wol, want it netwurk is bot ferâldere."
Tuininga, Waanders en Clevering yn it Nijsfoarum oer de stroomproblemen
Wolle jo de folsleine útstjoering fan Buro de Vries mei it Nijsfoarum werom harkje? Dat kin hjir. It Nijsfoarum is ek as podcast werom te finen op Spotify en by podcast-apps.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.