Herbarium Frisicum krijt hûnderten doazen mei botanyske literatuer
It Herbarium Frisicum yn Wolvegea hat de folsleine kolleksje oan literatuer fan de Koninklijke Nederlandse Botanische Vereniging fan 1850 oant 1960 krigen. Mei-inoar binne it mear as 100 doazen mei sa'n 10.000 stikken.
Kinst der in soad fan leare, seit Karst Meijer:
In herbarium is in samling fan drûge planten en literatuer dêroer. Karst Meijer fan it Herbarium Frisicum is bliid mei de nije kolleksje: "Het is een compleet overzicht van de historische botanische literatuur die op de wereld verschenen is. Je kunt er uit leren hoe men toen bijvoorbeeld met grasland omging. Met de literatuur leer je van het verleden."
De kolleksje jout ynsjoch yn wat der yn it ferline wêr groeide en somtiden binne stikken út de kolleksje noch ferrassend aktueel: "Dit is een overdrukje met daarop 'Wanneer stikstof zaaien in het voorjaar op grasland?' Stikstof is heel belangrijk in deze tijd. Het is dus heel belangrijk om dat soort informatie mee te nemen."
Ferslachjouwer Willem Vermeltfoort yn petear mei Karst Meijer fan it herbarium
De kolleksje sil digitalisearre wurde en is aanst ek yn te sjen foar ûnder mear studinten.