Omrop Fryslân

Ald-spiler Piet Keur: "Heerenveen heeft een sloom elftal"

Troch in eigen doelpunt wûn sc Hearrenfean mei 0-1 fan PEC Zwolle. Yn de ranglist hat Hearrenfean it goed foarinoar. Mar yn de SportCast is earder publyksfavoryt Piet Keur hurd: "Heerenveen heeft een sloom elftal, er zit totaal geen passie in. Als die slomigheid eruit gaat, wordt het misschien nog wat".
Yn 1993 helle Hearrenfean Piet Keur op as ferfanger fan Rodion Camataru. De pinchitter út Zandvoort wie tige populêr by it publyk. Sa skoarde hy ûnder oaren twa kear yn de Fryske derby tsjin Cambuur (1-2).
Keur: "Dat kan ik me nog goed herinneren, dat was natuurlijk ook één van de mooiste wedstrijden die ik daar gespeeld heb. Ik scoorde als invaller met al die Heerenveen supporters achter de goal."
Sportferslachjouwers Roelof de Vries, Andor Faber, Geert van Tuinen en Arjen de Boer prate dy yn de SportCast ôfwikseljend alle moandeis by oer al it sportnijs, faak mei in nijsgjirrige gast út de sportwrâld. Sa no en dan behannelje sy ek oare ûnderwerpen.
De SportCast is ek te beharkjen op Spotify, by Apple Podcasts en yn de podcast-apps. Dêr binne ek alle eardere SportCasts werom te harkjen.
Piet Keur spile yn totaal foar seis ferskate klups, benammen oan syn perioade by Hearrenfean hat hy goeie oantinkens. Sa fynt hy Foppe de Haan ien fan syn bêste trainers dy't hy hân hat.

De passy fan Foppe

"Foppe was gewoon een goede trainer, heel realistisch. Hij zei: We spelen voor het publiek, we klappen erop en dan zien we wel. Hij zat ook vol passie. Je kon echt niet stilstaan, dan was je de lul."
Ik denk dat ze AZ wat onderschat hebben en zichzelf wat overschat.
Piet Keur oer Cambuur
Keur: "Ik heb Cambuur zien spelen tegen Sparta, toen speelden ze goed op de counter. Die Kallon gaat als een tierelier, maar kan ook nog goed voetballen. Maar ik denk dat ze AZ wat onderschat hebben en zichzelf wat overschat. Want als AZ alle kansen had benut, dan was het na een half uur al klaar geweest. Maar in Friesland zijn ze wel nuchter, deze bladzijde snel omslaan en weer verder."

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.