Brok: "Fryske gemeenten ree om flechtlingen op te fangen"

De Fryske gemeenten binne ree om flechtlingen op te fangen. Dat docht bliken út in oerlis dat kommissaris fan de Kening Arno Brok tiisdeitemiddei hân hat mei de boargemasters.
Arno Brok oer it oerlis mei de gemeenten:
Yn de saneamde rezjygroep waard sprutsen oer de mooglike komst fan flechtlingen út ûnder mear Afganistan, mar ek oer de problemen mei de trochstream fan statushâlders nei húsfesting.

Fersyk fan minister

It oerlis oer it opfangen fan asylsikers wie op fersyk fan it Ryk. "Sy wolle net itselde probleem as in pear jier lyn dat der in tekoart is oan opfang yn ús lân. De minister fan Ynlânske Saken en de steatssekretaris fan Justysje en Feiligens fregen om in rezjygroep gearkomme te litten. Yn Fryslân binne dat oer it generaal de boargemasters."
It azc yn Sint-Anne © Omrop Fryslân, Marlinde van der Woude
Kommissaris Brok formulearret al foarsichtich as it om dit ûnderwerp giet. Hy seit: "It hat bliken dien dat in grut part fan de Fryske gemeenten yn begjinsel best wol prate wol mei it COA oer modaliteiten fan opfang. Dus dat is wol prematuer, mar der is wol in basishâlding dat de boargemasters sizze: op himsels soene wy wol prate wolle."

Petearen mei COA

It COA (Centraal Orgaan opvang asielzoekers) sil op koarte termyn prate mei de gemeenten dêr't it reëel is om ta in ôfspraak te kommen, jout Brok oan. "Dat dogge sy yn it hiele lân. Yn oktober folget in nije rezjygroep, foar dy tiid moat ik in brief mei myn analyze weromstjoere oan de minister."

Afganistan en trochstream

It fersyk oan de gemeenten hat net allinne mei Afganistan te krijen, fertelt Brok. "Der binne op dit stuit in tal problemen. It earste is dat minsken dy't in status krigen hawwe en yn in azc wenje, net trochstreame kinne. Dy plakken bliuwe beset en dat betsjut dat nije minsken dy't nei Nederlân komme gjin plak krije kinne. En it twadde is dat wy sjogge dat de tastream fan flechtlingen nei Europa ynkoarten wer tanimme sil."
Afgaanske flechtlingen komme oan yn Nederlân © ANP
Hast alle Fryske boargemasters hawwe der tiisdei west, seit Brok. "Dat is op himsels hiel posityf. Sels de boargemasters fan de Waadeilannen wiene der. Gewoanwei steane sy wat mear bûten dizze diskusje, mei it each op de spesjale situaasje fan de eilannen. In grut part fan de Fryske gemeenten is ree om it petear oan te gean."

Net altyd deselde gemeenten

Dat alle boargemasters útnûge binne, is mei opsetsin dien. "Oars krije je de diskusje dat de bekende gemeenten dêr't somtiden al jierren in opfang is, no ek allinne oan set binne. Wy hawwe 18 gemeenten yn Fryslân en 352 yn Nederlân. It is in probleem fan mienskiplikens. My is as Rykshear frege om te koördinearjen om te sjen wat der yn Fryslân mooglik is."

Wenningtekoart

It wenningtekoart is in reëel probleem, seit Brok. "De krapte soarget ek foar stagnaasje fan trochstream. De oerheden moatte derfoar soargje dat der mei oare konsepten besocht wurde kin om de stagnaasje der út te krijen. Mei tiny houses of tydlike bou, bygelyks."
Kommissaris fan de Kening Arno Brok