Sân fraksjes yn de Steaten lûke mei-inoar op tsjin pestisidegebrûk
Sân fraksjes hawwe in foarstel by Provinsjale Steaten yntsjinne foar it minder brûken fan pestisiden yn de provinsje. GrienLinks, SP, PvdA, FNP, D66, PvdD en 50PLUS fine dat der noch hieltyd tefolle skealike gemyske middels brûkt wurde troch oerheden, bedriuwen en konsuminten.
It bioferskaat, de ynsektepopulaasje, de wetterkwaliteit en de boaiemkwaliteit wurde oantaast troch pestisiden. Dy wurde net allinne troch de lân- en túnbou brûkt, mar ek troch oerheden, konsuminten en oare bedriuwen.
In giffrije provinsje begjint by dysels
De basis fan it foarstel is dat de provinsjes sels úteinsette moat mei it beheinen fan pestisiden en wêr mooglik it werom te bringen nei nul. It is de bedoeling dat uterlik yn 2030 it brûken fan pestisiden yn Fryslân safolle as mooglik ôfboud is. Dat moat barre mei gearwurking en 'it stimulearjen, foarljochting jaan en fasilitearjen' fan brûkers.
De fraksjes hawwe mei-inoar 19 fan de 43 sitten yn Provinsjale Steaten.