Krityk op Wetterskip oer 'fytspaad lâns it Waad': "Gaat 'm echt niet worden"

Wetterskip Fryslân sit mis mei de presintaasje fan it 'fytspaad lâns it Waad'. Dat seit de Fryske Feriening foar Fjildbiology. It giet om it 47 kilometer lange fytspaad fan Koehoal nei de Lauwersmar dat it wetterskip oanlizze wol as dêr de de kommende sân jier de seedyk fersterke wurdt.
De seedyk by Holwert © Omrop Fryslân
Neffens de Fryske Feriening foar Fjildbiology jout sa'n fytspaad troch in Natura 2000-natuergebiet op guon plakken tefolle fersteuring foar de fûgels. Foarsitter Gertie Papenburg fan de feriening wie dan ek ferbjustere doe't er de presintaasje fan it fytspaad lâns it Waad seach.
"De presentatie schoot mij behoorlijk in het verkeerde keelgat", seit Papenburg. "Op een aantal plekken kun je heel goed langs de Waddenzee fietsen, maar op een aantal plekken geeft dat ernstige verstoringen. Bepaalde delen buitendijks moeten worden afgesloten voor fietsers, omdat de verstoring daar te groot is."

Natuerorganisaasjes op efterstân

Papenburg is min te sprekken oer de presintaasje fan it wetterskip, omdat dy de yndruk jout dat je it hiele trajekt lâns de Waadsee fytse kinne. "Dat gaat 'm echt niet worden in een Natura 2000-gebied."
Effekt fan de presintaasje is dat de natuerorganisaasjes yn de diskusje oer de dykplannen op efterstân steane. "Nu zijn wij degenen die de pret komen bederven, terwijl ze bij het Wetterskip heel goed weten dat een fietspad zo niet kan."
De wadvogels hebben net zo goed recht op bestaan als dat mensen recht hebben op recreatie.
Gertie Papenburg, foarsitter fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology
It wetterskip sil der neffens Papenburg net oan ûntkomme om it 'paad lâns it Waad' op guon plakken te ûnderbrekken en oan fytsers te freegjen om binnendyks fierder te gean. "Fietsen langs het Wad is mooi. Mensen moeten dat ook kunnen beleven, maar plekken waar onaanvaardbare schade optreedt verdienen bescherming."

Tydlik ôfslute

Papenburg kin him bygelyks ek wat foarstelle by it tydlik ôfsluten fan it paad op kwetsbere mominten. "De wadvogels hebben net zo goed recht op bestaan als dat mensen recht hebben op recreatie."
It plan foar it fytspaad is noch net yn kalk en semint. Der wurdt noch oer praat. Krekt dêrom hat Papenburg argewaasje fan de foarstelling dy't it wetterskip jout fan de mooglikheid om 47 kilometer achterinoar lâns see te fytsen.

Noch trije ynringearkomsten

Papenburg kaam mei dizze reaksje op de earste ynringearkomst fan it wetterskip oer de nije seedyk yn Holwert. "Ik ben persoonlijk van Buitenpost hiernaar toe gekomen om het Wetterskip duidelijk te maken dat deze voorstelling van zaken niet klopt."
Der binne de kommende wike noch trije ynringearkomsten oer de fersterking fan it dykfak Koehoal-Lauwersmar. Dy binne yn Wierum, Peazens-Moddergat en De Westhoek.
Foarsitter Gertie Papenburg fan de Fryske Feriening foar Fjildbiology