Omrop Fryslân

FryslânDOK 'De Joadske Brulloft' op filmfestival yn Kolombia

De FryslânDOK De Joadske Brulloft wurdt snein fertoand yn Kolombia, op it ynternasjonale filmfestival FICCI yn Cartagena. It FICCI is it eerste en âldste filmfestival yn Latynsk-Amearika. De dokumintêre is ûndertitele yn it Spaansk, mar wurdt sjen litten ûnder de Ingelske titel Jewish Wedding.
© Omrop Fryslân
De film dy't in Noorderkroon wûn op it Noordelijk Film Festival fertelt it ferhaal fan Barend en Mimi Boers, dy't yn de oarloch flechten foar ferfolging en sân moannen ûnderweis wiene nei de frijheid. Harren bern Yvette, André en Marion ûntdekke yn de dokumintêre wat harren âlden op dy flecht meimakken, harren deadseangsten en harren gelok.

Kolombiaanske skeakel

De skeakel yn dizze fertoaning is Eyal Boers, pakesizzer fan Barend en Mimi. Hy is troud mei de Kolombiaanske Diana Rubine. Tegearre hawwe sy twa dochters en in soan.
Marion Coronel, André Boers en Yvette Markens
© Omrop Fryslân
Eyal Boers: "Daniel, onze zoon, is dus half Colombiaans. Hij is het enige achterkleinkind van Barend en Mimi Boers die de naam Boers draagt. Mijn grootouders, zijn overgrootouders dus, vluchtten in 1943 in de oorlog uit het bezette Amsterdam. Mimi Dwinger kwam uit Leeuwarden."
It hertferskuorrende famyljeferhaal is dus ek syn famyljeferhaal. Dat feit makket it nijsgjirrich foar Kolombia. Boppedat hat it lân altyd in soad flechtlingen opnaam.

Yn petear mei it publyk

Regisseur Annet Huisman sil sneintejûn online mei André Boers (út Israel wei) en mei Eyal Boers en Diana Rubine oer de film prate mei it publyk op it festival yn Cartagena.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.