Omrop Fryslân

"Frjentsjer fertsjinnet mei syn rike skiednis eins in stedsmonografy"

De skiednis fan Frjentsjer sit fol ferhalen en boppedat spilet de stêd in belangrike rol yn de Fryske skiednis mei in eigen universiteit en der komme ferneamde minsken wei lykas Anna Maria van Schurman en Eise Eisinga. Is it net heech tiid dat Frjentsjer in eigen kanon krijt, of noch better in eigen boek?
It Keninklik Eise Eisinga Planetarium yn Frjentsjer
© Omrop Fryslân, Jantine Weidenaar
"Oer Frjentsjer is eins net in goede stúdzje fan de stêd, sis mar in stedsmonografy", fertelt Josse Pietersma fan de Academie van Franeker. "Sa'n stedsskiednis is der wol fan Ljouwert en Dokkum, mar dus net fan de stêd dy't ûnder oare bekend is fan de universiteit, PC en psychiatry. Der is wol ûndersyk dien nei de Academie en nei Eise Eisinga en der binne ek boeken oer skreaun, mar net oer hoe't de minsken eartiids libben en watfoar hannel en yndustry der yn en om de stêd wie."
Mei it simmerkolleezje fan histoarikus en sosjaal geograaf Meindert Schroor wol de Academie van Franeker yn de rige simmerkolleezjes dêr dizze woansdeitejûn de ôftraap foar jaan. "Hy fertelt ûnder oare oer de bûtengebieten fan de stêd, dy binne ek nijsgjirrich. It gebiet tusken Frjentsjer en Harns wie yn de 16de iuw it twadde yndustrygebiet fan de Republyk, it siet grôtfol mei tichelwurken en skipsbou." By it kolleezje is it ek de bedoeling dat it publyk mei ideeën komt mei wat sy belangryk fine.
Oft der dan ek werklik in boek ferskynt? "It leit noch net by de drukker", laket Pietersma, "mar dy ambysje is der wol."
Josse Pietersma
© Omrop Fryslân, Aise van Beets
It simmerkolleezje 'Hoesù un Franeker Kanon?' is yn de Martinitsjerke yn Frjentsjer en begjint om 20.30 oere.

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.