Omrop Fryslân

FIDEO: PC-reinbôgeflagge moat sjen litte dat it keatsen der foar eltsenien is

It bestjoer fan de PC hat in flagge ophongen dêr't al dagen in soad om te dwaan is: in kombinaasje fan de reinbôgeflagge en de Fryske flagge. It bestjoer wol sjen litte dat it keatsen der foar eltsenien is, ek foar de LHBTIQ+-mienskip. COC Friesland fynt it prachtich en it KNKB stiet efter de aksje.
Hoewol't net eltsenien it keatsfjild in goed plak fynt, smiet it yn elts gefal ien goed petear op:

Omrop Fryslân is ek fia WhatsApp te folgjen. Fia ús WhatsApp-kanaal stjoere wy dy nijsgjirrige berjochten en fideo’s út Fryslân en bliuwsto op ’e hichte. Abonnearje dy hjir.