GGD-direkteur: "Fryske gearwurking yn corona-oanpak wie goed"

Direkteur Margreet de Graaf fan GGD Fryslân fynt dat de Fryske gearwurking yn de oanpak fan it coronafirus hiel goed is. Dat sei se yn it radioprogramma Buro de Vries, dêr't se snein simmergast wie. "De gearwurking tusken de boargemasters yn ús Veiligheidsregio en de ôfstemming is prima. Dat wie op oare plakken wol oars."
Harkje nei it folsleine petear mei De Graaf:
"Dêrnjonken wie - en is - de faksinaasjekampanje in sukses", seit De Graaf, "Al krigen we dêr wol in soad krityk op yn de media."

Laboratoariumkapasiteit

Wol jout se ta dat der ek flaters makke binne: "Meastentiids wat lytsere saken gelokkich, mar yn it begjin ha wy miskien ek wol in ferkearde kar makke yn de saneamde 'laboratoriumschaarste'. Dat gie oer it ynsetten fan ekstra laboratoariumkapasiteit."
Margreet de Graaf oer de gearwurking yn de krisisorganisaasje yn Fryslân
Dútske laboratoaria stiene doe klear om 'bulk' fan ús oer te nimmen. "Dêr ha we doe gjin gebrûk fan makke. Nederlânske laboratoaria wiene dêr wat huverich foar en dêr hawwe wy nei harke. Efternei besjoen hiene wy earder op dy bulk ynsette moatten, yn stee fan allinnich gebrûk te meitsjen fan de bekende eigen laboratoaria mei de fertroude kwaliteit en ynfrastruktuer."
GGD-direkteur Margreet de Graaf © Omrop Fryslân, René Koster
Mear oer de Fryske oanpak fan de krisis, mar ek oer harsels, har woartels, har favorite muzyk en har wurk as ynstrukteur Body Balance by in sportskoalle is werom te hearren op de side fan Buro de Vries.
It folsleine petear mei Margreet de Graaf is ek te finen op omropfryslan.nl/burodevries en as podcast op de bekende platfoarms.