De F-35 fersteurt it libben fan Friezen: stress en sliepeleazens, besite ûnmooglik

Sûnt de komst fan de F-35 yn oktober 2019 hawwe Friezen folle mear lêst fan leven by de fleanbasis yn Ljouwert wei. It dreunende lûd feroarsaket stress en sliepeleazens. It is ek net allinne te hearren om de basis hinne, mar troch de hiele provinsje.
Friezen hawwe lêst fan de F-35:
Goed trije fjirde fan de Friezen seit sûnt de komst fan de F-35 mear en swierder lûd te hearren fan strieljagers op fleanbasis Ljouwert. Dat docht bliken út in enkête, útfierd troch ûndersyksburo Kien yn opdracht fan Omrop Fryslân.
As de kaart net goed te sjen is, klik dan hjir.
It blykt ek dat dit net allinne jildt foar Friezen dy't ticht by de basis wenje. Sels op plakken fierder fan de fleanbasis, lykas Dronryp, Wyns en Aldtsjerk, heart in mearderheid fan de minsken de fleantugen goed as sy yn 'e hûs binne.

Oerlêst: dizze doarpen springe der út

De fleantugen hearre is ien ding, mar ek de oerlêst dêrtroch is flink tanommen. Dêr't mar 15 persint fan de Friezen it lûd fan foarhinne de F-16's omskriuwe soe as hinderlik, neamt no mear as de helte fan de minsken it lûd sa.

Ek fierder fan de fleanbasis ôf

Opfallend is dat dit net allinne jildt foar ynwenners fan Blessum, Deinum en Lekkum, de doarpen dy't ticht tsjin de basis lizze. Sa seit 41 persint fan de ynwenners fan Harns, op 30 kilometer fan de basis, dat sy it lûd as 'tige slimme oerlêst' ûnderfine. Sa'n selde persintaazje jildt foar de ynwenners fan Blessum.
In F-35 yn Ljouwert op argyfbyld © Shutterstock.com (VanderWolf Images)
Ek Holwert, op 22 kilometer fan it fleanfjild, springt derút. Hjir omskriuwt 61,2 persint fan de ynwenners it lûd as oerlêst, wat hast lyk leit mei de ûnderfiningen fan ynwenners fan Lekkum.
As de grafyk net goed te sjen is, klik dan hjir.
De oerlêst soarget foar negative effekten op it deistich libben. Dat ûnderfine benammen minsken dy't net fier fan de basis wenje. Sa'n 30 persint fan de omwenners seit 'ja, dit lûd beynfloedet myn libben negatyf.'

Beheining yn it praten

Fierder seit noch goed in fiifde part fan de minsken yn plakken as De Gordyk, Harns en Holwert in negative ynfloed op it libben te ûnderfinen troch de lûdsoerlêst. Sa fiele minsken harren tige beheind yn harren bewegingsfrijheid. Yn de simmer bûten sitte mei de besite en mei-inoar prate is troch it leven net mooglik.
By FryslânDOK is takom wykein de dokumintêre 'F-35: Wat hangt ons boven het hoofd?' te sjen. Dêryn ûndersiket dokumintêremakker Johanna Brinkman it effekt fan it strieljagerlûd op minsken.
FryslânDOK wurdt Nederlânsk ûndertitele.
Bern en bisten skrikke fan it lûd, sa sizze dielnimmers oan de enkête. It thúswurkjen kin ek flink tsjinwurke wurde troch it dreunende lûd fan de F-35's: minsken moatte efkes ophâlde mei online gearkomsten en telefoanpetearen, oant de tastellen ôfflein binne yn de rjochting fan de Noardsee.
Psychysk hat de oerlêst ek syn wjerslach: minsken hawwe te lijen fan sliepeleazens en stress. Sy wurde lilk en nerveus fan de situaasje.

'Kleie smyt dochs neat op'

En dochs hat 80 persint fan de dielnimmers oan de enkête noait in klacht yntsjinne by Definsje. In part fan har hat dat net dien om't sy gjin oerlêst ûnderfine, mar út de reaksjes docht benammen bliken dat minsken net kleie wolle en dat sy tinke dat in klacht yntsjinje dochs neat opsmyt.
Undersiker Tjeerd Andringa © Omrop Fryslân
Tjeerd Andringa, lûdssaakkundige oan Rijksuniversiteit Groningen, docht ûndersyk nei de belibbing fan lûd en fynt it net ferstannich om gjin klacht yn te tsjinjen: "Ja, dien een klacht in, maar houd het daar niet bij. Zorg ervoor dat die niet genegeerd wordt, dat-ie niet alleen maar opgeteld wordt."
Geluidsoverlast tast de kwaliteit van leven aan en dat moet het topic zijn.
Tjeerd Andringa, lûdssaakkundige oan Rijksuniversiteit Groningen
Neffens Andringa moat der echt wat dien wurde mei de klachten en meie minsken dat ek easkje fan wethâlders en beliedsmakkers. "Geluidsoverlast tast de kwaliteit van leven aan en dat moet het topic zijn en niet dat of de overheid zich aan de geluidsnormen houdt."

Lûdshinderbelied

Andringa seit dat yn de omjouwingswet de kwaliteit fan de libbensomjouwing eksplisyt beskreaun is: "Dat wil niet zeggen dat dat dan ook gaat gebeuren en daar moeten we als burgerij heel erg alert op zijn en zorgen dat we gebruikmaken van de mogelijkheden die er zijn en gewoon niet accepteren dat het slechter wordt."
De lûdssaakkundige is yn opdracht fan de provinsje Noard-Hollân en de gemeente Aalsmeer dwaande om in lûdshinderbelied op te setten. It doel hjirfan is om de wen- en libbenskwaliteit sa heech mooglik te hâlden, strukturele lûdshinder foar te kommen en individuele bewenners ynstruminten te jaan om der sa goed as mooglik mei om te gean.

Mjitnet

Op dit stuit is der al sprake fan útwreiding fan it mjitnet mei mobile mjitpunten. Dy mjitpunten mjitte lykwols allinne it lûd dat binnen de grinzen fan de lûdswet falt en sizze neat oer de ûnderfining dy't minsken hawwe en hoe't it har libben beynfloedet.
De mjitpunten steane op dit stuit ek allinne op plakken dy't ticht by de basis lizze. Plakken lykas Holwert en Harns, dêr't neffens de enkête ek sprake is fan oerlêst, hawwe gjin mjitpunten.
De enkête oer lûdsoerlêst fan de F-35 is útfierd troch Kien onderzoek yn Grins, yn opdracht fan Omrop Fryslân. Oan de enkête diene goed 2.000 ynwenners fan Fryslân mei. De dielnimmers komme foar in part út it fêste panel fan Kien en foar in part út it publyk fan Omrop Fryslân.