Fryske derby op 19 desimber, SC Hearrenfean iepenet earedifyzjeseizoen
It nije earedifyzjeseizoen wurdt op freed 13 augustus iepene troch SC Hearrenfean mei in útwedstriid tsjin Go Ahead Eagles. SC Cambuur makket syn earedifyzje-rentree op snein 15 augustus mei in thúswedstriid tsjin FC Groningen. Dat docht bliken út it konseptprogramma dat de KNVB woansdeitemoarn bekend makke hat.
De earste Fryske derby stiet op it programma foar snein 19 desimber. Cambuur en Hearrenfean nimme it dan yn it Cambuur Stadion tsjin inoar op. De twadde wedstriid stiet pland foar de 31e spylronde. Dêr is lykwols noch gjin datum foar pland. Wol is bekend dat it tusken 28 april en 3 maaie wêze sil.
It folsleine konseptprogramma is hjir te finen.
De 'grutte' wedstriden fan Cambuur en Hearrenfean
| Spylronde | Datum | Wedstriid |
| 1 | Freed 13 augustus | Go Ahead Eagles - SC Hearrenfean |
| 1 | Snein 15 augustus | SC Cambuur - FC Groningen |
| 2 | Sneon 21 augustus | PSV - SC Cambuur |
| 4 | Snein 12 septimber | FC Groningen - SC Hearrenfean |
| 5 | Sneon 18 septimber | Ajax - SC Cambuur |
| 6 | Woansdei 22 septimber | Feyenoord - SC Hearrenfean |
| 9 | Sneon 16 oktober | SC Hearrenfean - Ajax |
| 10 | Snein 24 oktober | SC Cambuur - Feyenoord |
| 14 | Snein 28 novimber | SC Hearrenfean - PSV |
| 17 | Snein 19 desimber | SC Cambuur - SC Hearrenfean |
| 18 | Woansdei 22 desimber | SC Hearrenfean - Feyenoord |
| 23 | Tusken 17 en 22 febrewaris | Feyenoord - SC Cambuur |
| 23 | Tusken 17 en 22 febrewaris | PSV - SC Hearrenfean |
| 26 | Tusken 10 en 15 maart | SC Cambuur - Ajax |
| 29 | Tusken 7 en 12 april | SC Hearrenfean - FC Groningen |
| 30 | Tusken 17 en 26 april | SC Cambuur - PSV |
| 31 | Tusken 28 april en 3 maaie | SC Hearrenfean - SC Cambuur |
| 33 | Woansdei 11 maaie | Ajax - SC Hearrenfean |
| 34 | Snein 15 maaie | FC Groningen - SC Cambuur |