Nij boek oer deiflinters yn Fryslân: in ferhaal fan winners en ferliezers

Hoe gie it de ôfrûne tsien jier mei de deiflinters yn ús provinsje? Dat is de haadfraach fan it boek Dagvlinders in Fryslân, veranderingen vastgelegd, dat skreaun is troch Vlinderwerkgroep Friesland. Foarsitter Siep Sinnema jout tiisdei it earste eksimplaar oan de direkteur fan It Fryske Gea. Der wurde soarten yn besprutsen mei prachtige nammen as it oranjetipke (oranjetipje) en de lânkaartflinter (landkaartje)
De lânkaartflinter ('landkaartje') © Shutterstock.com (Lucia L)
It is in boek fan likernôch 200 siden wurden, wêryn't de perioade 2010-2020 mei de perioade 1990-2000 ferlike wurdt. "Der binne hiel grutte ferskillen", seit foarsitter Sinnema. "Dat hiene wy ek al ferwachte doe't wy begûnen." It boek is in ferfolch op in útjefte út 2000. Yn de nije edysje wurdt de ferliking lein mei de eardere útjefte, sadat de ferskillen goed dúdlik wurde.

Kaartsjes

Alle deiflintersoarten yn Fryslân wurde besprutsen. Dêrfoar is de provinsje ferdield yn sa'n 4.000 hokjes fan in fjouwerkante kilometer, om te sjen hokker flinters dêr foarkomme. "As earne in flinter foarkomt, komt der in stip yn dat hokje te stean. Dêr hawwe wy kaartsjes fan makke en ast de kaartsjes fan dy ferskillende perioaden neist elkoar sjochst yn ús boek, dan sjochst by in hiel soad soarten ferskillen."
Sinnema: "Guon soarten hawwe it better dien, lykas de koninginnenpage (swellesturtflinter, red.) of de grote weerschijnvlinder (grutte wjerskynflinter)." Troch it opwaarmjen fan it klimaat, skoot harren leefgebiet wat nei it noarden ta, om't dêr bettere leefomstannichheden binne.
De swellesturtflinter (koninginnenpage) © Shutterstock
Mar lang net alle flinters dogge it goed. "Foar de measte flintersoarten - der wurde sa'n 55 beskreaun yn ús boek - jildt spitigernôch dat se achterútgien binne. Foar guon is dat dramatysk, dy binne sels kompleet ferdwûn", leit Sinnema út. Dêr binne neffens him ferskate ferklearrings foar. "Yn it boek beskriuwe wy dy per soart, want dat is by eltse soart oars."

Drûchte

Dochs binne der wol algemiene ferklearrings te jaan. "We neamden klimaatferoaring al. Wat ek wichtich is, is ferdrûging fan it lânskip en de planten dêr't flinters op libje. Ta beslút hawwe wy fansels it probleem fan de stikstofdeposysje. Guon soarten libje op hiel spesifike planten, dy't faak kwetsber binne en yn de ferdrukking komme."
Al mei al is it boek in geweldich grutte put foar de flinterwurkgroep, dy't sûnt 1985 bestiet en sa'n hûndert leden hat.
Siep Sinnema fan Flinterwurkgroep Fryslân