Twa kuorbalsters fan LDODK trene bûtendoar fanwegen corona; "Sa bliuwe we toch fit"

Isolearre bûtendoar trene wylst dyn team op in pear meter ôfstân yn in waarme sporthal op De Gordyk oan de gong is, it is de nije coronawerklikheid sûnt desimber foar twa kuorbalsters fan LDODK. Diana van der Vorst en Femke Faber hawwe beide in baan yn de soarch wolle gjin risiko nimme, dêrom trene se apart fan de seleksje ûnder begelieding fan Marjo de Haan.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
"Mei Diana krij ik twa kear yn de wike bûten op it fjild trening fan Marjo", fertelt Femke Faber. "It hat ek wol wat, mar we hienen leaver mei de groep binnen stien. It is wol moai dat se de mooglikheid biede om sa noch in bytsje fit te bliuwen."
Se fynt it in ûnwerklike sitewaasje. "Dit is hiel nij en dûbeld foaral. We meie net yn de seal trene, want der mei mar in bepaald oantal minsken yn de seal dy't op papier stean. Dêr stean wy net by omdat we op dit momint gjin ûnderdiel binne fan de seleksje. We binne dêrom ferplicht om bûten te trenen en dat giet eins bêst goed sa."
"It binne bysûndere omstannichheden mar wy binne bliid dat we bûten wat dwaan kinne. It waar is bêst goed, je moatte wol yn beweging bliuwe. Alles is wol op oardelmeter fansels", seit trener Marjo de Haan. Se trene op kondysje mar ek op kuorbalbewegingen. "Zodat we, als we weer mogen aansluiten, niet ons balgevoel kwijt zijn", seit Diana van der Vorst. Se mist de groep wol.
© Omrop Fryslân, Willem de Vries
Marvin Piepers is yn de hal. "We zijn vereerd dat we hier zo mogen trainen ondanks alle omstandigheden. Het is wel een beetje dubbel." Hy fynt it apart dat twa teamgenoaten bûten trene moatte. "Je hebt ze er natuurlijk het liefste bij. voor het teamgevoel."
Ferslachjouwer Willem de Vries wie by de trening