Haven fan Harns ticht troch oalje op it wetter
Skippen kinne woansdeitemiddei net de binnenhaven fan Harns yn of út komme, omdat der oalje oantroffen is op it wetter.
In skjinmakbedriuw hat spesjale opfangskermen pleatst, mar dêrtroch wurdt de tagong blokkearre by de Sasbrug. Op dit stuit is net dúdlik hoelang't de binnenhaven tichtbliuwt.