Wybren en Johannes passe op de fûgeltsjes fan Britsum
Wybren en Johannes passe op de fûgeltsjes fan Britsum
Der binne net folle mear fan: doarpsfoliêres. In grutte kouwe mei kleurige fûgeltsjes foar alle doarpsbewenners om fan te genietsjen. Mar yn Britsum is der noch ien, en Johannes en Wybren passe der trou op.
De foliêre is fan Doarpsbelang Britsum. Frijwilligers Johannes en Wybren binne der al in jier as 20 foar yn 't spier. Johannes docht meast de deistige fersoarging fan de fûgels, wylst Wybren ferantwurdlik is foar de ynkeap fan it foer.
De bewenners binne parkytsjes, kanarjes, finkjes, hinnen en dowen. Mar ûnder de oerkaping fan de foliêre fine ek in tal postdowen ûnderdak.
Alde dei trochbringe
De fûgels komme oeral wei: guon binne oanwaaien kaam, mar der binne ek fûgeltsjes by fan âlderen dy't der net mear op passe kinne. Dizze meie harren âlde dei dan slite yn de grutte foliêre.
De mannen fine it moai en tankber wurk. Alle dagen binne se presint om te fuorjen en om de hokjes skjin te meitsjen.